Waarpraatsje: oanhâldend (frij) myld

desimber 4, 2018 18:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze tiisdei, mei folle mear sinne as ferwachte, is der woansdei kâns op rein.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei it it (frij) helder. Op guon plakken kin wat damp ûntstean. By in swakke sude- oant súdeastewyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.
Woansdei rekket de loft stadichoan berûn en letter op ’e dei kin it in skoft reine. De wyn komt út it súdeasten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ek net drûch en is der hast gjin sinne. Mei 10 graden is it tongersdei en freed wol myld.

Jan Brinksma

desimber 4, 2018 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*