Waarpraatsje: myld en ritich

desimber 5, 2018 18:43

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frij kâlde Sinteklaaswoansdei is it tongersdei en freed ritich en tige myld.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en sil it sa út en troch reine. De wyn giet nei it súdwesten en is matich. Yn ’e rin fan ’e nacht is it 10 graden.
Tongersdei is de loft ek berûn en falt der sa út en troch noch wat (sto)rein. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns letter frij krêftich oant krêftich. Mei 11 graden is it tige myld foar de tiid fan it jier.

Freed wurdt in minne dei. It kin in hiel skoft reine en de sinne sjogge wy net. It is mei 10 graden noch wol myld.

Jan Brinksma

desimber 5, 2018 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*