Waarpraatsje: minne freed

desimber 6, 2018 19:21

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere mar wol mylde tongersdei sjocht it der foar freed net bêst út. It sil reine en der stiet in stik wyn.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. By in matige súdwestewyn wurdt it net kâlder as 10 graden.
Freed is de loft ek berûn en reint it sa út en troch. Yn ’e jûn kinne inkelde buien falle, miskien wol mei hagel en tonger. De súdwestewyn wurdt frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Der is ek in skoft kâns op wynstjitten. Letter op ’e dei giet de wyn nei it westen en jout er him wat del. Mei 11 graden is it op ’e nij myld.

Yn it wykein is it ritich, rûzich en myld. De sinne lit him, sa goed as, net sjen.

Jan Brinksma

desimber 6, 2018 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*