Waarpraatsje: kâns op winterske delslach

desimber 15, 2018 18:49

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde sneon (de temperatuer kaam krekt boppe it friespunt út) is der fannacht kâns op winterske delslach.

Yn ’e nacht fan sneon op snein is de loft berûn en is der kâns op wat snie. Ek in bytsje izel is net hielendal útsletten. It is dreech oan te jaan oft der snie en hoefolle oft der falle sil. De wyn giet nei it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Snein falt der earst miskien ek noch wat snie of wiete snie, mar letter rein. Yn ’e rin fan ’e dei soe de sinne him miskien noch efkes sjen litte kinne. De súdwestewyn is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet earst noch wat mear wyn. It wurdt tusken de 2 en 5 graden.

Takomme wike is it frij myld, ritich en skier.

Warskôging:
Jûn, fannacht en moarnier is der kâns op glêde diken troch wat snie of in bytsje izel.

 

desimber 15, 2018 18:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.