Waarpraatsje: kâlde nacht

desimber 14, 2018 19:35

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze mar kâlde freed krije wy ek in kâlde nacht en wurdt it sneon miskien wol in iisdei (de hiele dei ûnder 0).

Yn ’e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it easten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit tusken de 0 en -4 graden.

Sneon skynt de sinne, nei alle gedachten, flink mar letter op e dei nimt de bewolking ta. De wyn giet nei it súdeasten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit oerdei om it friespunt hinne.

Fan snein ôf wurdt it in stik mylder.

Jan Brinksma

desimber 14, 2018 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.