Waarpraatsje: it bliuwt ritich

desimber 3, 2018 19:11

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze moandei sjocht it der foar tiisdei ek aardich út. It wurdt wol in bytsje frisser.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en kin der in inkelde bui falle. Der is ek kâns op in opklearring. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn wurdt it 5 graden.
Tiisdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der is noch in lytse kâns op in bui. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich. Yn de middei giet de wyn nei it súdwesten oant suden. It wurdt 8 graden.

Fan woansdei ôf sjogge wy de sinne net folle mear en kin it elke dei wol wat reine. It is frij myld.

Jan Brinksma

desimber 3, 2018 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*