Ut namme fan wa ûnderskriuwt Charles Michel yn Marrakesj it ferdrach?

desimber 9, 2018 16:24

Charles Michel

De Belgyske premier Charles Michel beklammet snein dat er yn Marrakesj it migraasjeferdrach ûnderskriuwt út namme fan it folsleine Belgyske regear. Hy seit dat dat it minderheidsregear is dat bestiet sûnt de N-VA-ministers derút stapt binne. De sittende ministers hearre by de partijen MR (Frânsktalige liberalen), Open Vld (Nederlânsktalige liberalen) en CD&V (Nederlânsktalige kristendemokraten).

Wêrom’t it sa wichtich is dat Michel út namme fan it hiele regear praat, leit de Flaamske jurist Jan Ghysels út. Ghysels: “Het sluiten van verdragen is volgens de Grondwet (artikel 167) de bevoegdheid van de Koning. In onze grondwettelijke praktijk betekent dit de regering.”

Oft der in parlemintêre mearderheid bestiet foar in ferdrach is neffens Ghysels net fan belang. Wol moatte alle ministers it iens wêze mei it ûnderskriuwen fan in ynternasjonaal ferdrach. De N-VA-ministers wiene dat net en dat makket neffens de jurist dat Michel it ferdrach wetlik sjoen net ûnderskriuwe koe. Hy seit dat Michel it ferdrach fan Marrakesj nea op ‘e wurklist fan ‘e ministerrie set hat om foar te kommen dat dy ministers tsjin stimme soene. Ghysels: “De zaken niet op de agenda zetten, lijkt een lepe toer te zijn van de eerste minister om de regering in het zadel te houden. Door de items niet te agenderen, kan men immers niet vaststellen dat er daarover geen consensus in de regering is en moet men daaraan dan ook geen gevolgen vastknopen.” Hy seit: “Als de eerste minister zonder consensus in de regering in naam van de Koning gaat tekenen ontbloot hij de Kroon.”

De N-VA skriuwt yn in iepen brief oan Michel dat de ministerrie sneon pas foar it earst foarmeel oer it ferdrach fan Marrakesj praat hat. Yn it brief stiet: “Zoals U weet werd op de ministerraad gisterenavond voor het eerst gesproken over het standpunt van de regering over dit VN-Migratiepact. Wij hebben formeel laten acteren dat wij niet akkoord gaan met dit pact. De andere partijen stellen dat ons akkoord niet nodig is en dat U als premier in Marrakesh het land kan binden zonder onze goedkeuring. Dat vinden wij onaanvaardbaar. Er is immers geen consensus binnen de federale regering over dit pact.”

Ghysels wiist der fierder op dat it ûnderskriuwen fan it ferdrach gjin juridyske konsekwinsjes hat. Dat bart pas as it ferdrach goedkard wurdt troch it parlemint. Dat hâldt yn dat dat in wet oannimt dy’t de tekst fan it ferdrach binend makket. Boppedat moat de kening it ferdrach ratifisearje. Om’t de kening dat net persoanlik dwaan mei, is dy ratifikaasje ek in taak fan it regear, dat dêr folslein mei ynstimme moat.

desimber 9, 2018 16:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.