Twa pjutteboartersplakken sertifisearre foar twatalich wurkjen

desimber 29, 2018 09:20

Foto: pixabay.com

Pjutte-opfang Boartershonk yn Tsjummearum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen
Op freed 21 desimber wie it feest op pjutte-opfang Boartershonk yn Tsjummearum. De lokaasje fan Stichting Kinderopfang Friesland (SKF) wurket sûnt 2014 mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. It sertifisearringstrajekt is no ôfrûne en dat waard fierd mei de bern en harren âlden. De dei begûn mei in krystmiel mei de bern en dêrnei wie der in poppekastfoarstelling. Oan e ein fan de moarn koene de âlden op de pjutte-opfang komme om by it útrikken te wêzen fan it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’.

Boartershonk en twatalichheid
Pjutte-opfang Boartershonk falt ûnder SKF. Dy stifting biedt ûnder mear pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan de lokaasjes wurket mei in twatalich belied. Boartershonk hat in eigen romte yn kristlike basisskoalle De Schalmei. It twatalich belied sjocht der sa út: pedagogysk meiwurksters Attie de Jong en Marian de Lange prate beide konsekwint Frysk mei elkenien. Frijwillichster Nathalie praat Nederlânsk. Beide talen krije in plak yn it aktiviteite-oanbod, lykas troch it sjongen, foarlêzen en rollespultsjes. Der wurdt ek wurke mei de praatpoppen Puk en Tomke, dêr’t Puk Nederlânsk by praat en Tomke fansels Frysk. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Pjutte-opfang De Pikepôlle yn Marsum behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen
Pjutte-opfang De Pikepôlle yn Marsum wurket sûnt 2013 mei in belied dat derop rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2015 hawwe de liedsters dêr in sertifikaat foar behelle. Om de trije jier komt der in saneamde fisitaasjekommisje del, fan Stifting Frysktalige Berne-opfang, om te hifkjen oft der noch altyd neffens de easken fan it twatalich belied wurke wurdt. Pedagogysk meiwurkers Aaf Glazema en Saskia Benedictus hawwe har dêr tige foar ynset en De Pikepôlle hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij fertsjinne. Foar dy prestaasje hawwe se in presintsje krige: in searje ferhalen fan Maaike en Wiger mei magnetyske plaatsjes en in magneetboerd. Sa kinne se op ynteraktive wize mei de bern oan ’e slach en har taalûntjouwing stimulearje. Yn Marsum is in moaie trochgeande line wat it taalbelied oanbelanget. Basisskoalle De Pôlle is nammentlik in trijetalige skoalle, dêr’t it Nederlânsk, Frysk én it Ingelsk strukturearre oanbean wurde.

De fisitaasjekommisje hat ûnder mear sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. By it sertifisearringstrajekt krije de pjutteboartersplakken begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

desimber 29, 2018 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.