Tsiis bringt lânbou en natuer yn lykwicht

desimber 19, 2018 18:53

foto: Pixabay.com

Op Skiermûntseach komt troch in eigen eilanner streekprodukt in bettere oansluting tusken lânbou en natuer. Sân boeren geane oer op natuerynklusive lânbou en produsearje dêr harren eigen tsiis foar.

Skiermûntseager tsyskes
De feehâlders ferminderje op eigen inisjatyf harren feesteapel mei 35%, mar ferlieze dêr ynkomsten mei. Yn ‘e mande mei provinsje Fryslân, gemeente Skiermûntseach, Natuermonuminten en it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij ûndersiket de feriening hoe’t dat te kompensearjen is.

Ien fan de middels is de produksje fan in Skiermûntseager tsiis. Yn 2019 begjint it ûndersyk nei de fraach fan de eilanner hoareka, de merk en hoe’t de produksje wêze moat. Yn 2020 lizze de earste tsyskes op ’e rimmen.

Ferleging stikstof
Trochdat op it eilân yntinsyf buorke wurdt, is de delslach fan stikstof op ‘e dunen en kwelders te heech. Dat moat neffens it behearplan fan de dunen mei 35% ferlege wurde. It legere tal kij soarget njonken in fermindering fan de stikstofdeposysje ek foar in better bioferskaat yn ‘e polder.

De Vereniging Boerenbelang Schiermonnikoog kriget fan provinsje Fryslân in bydrage fan € 153.300,- om de needsaaklike maatregels te treffen.

desimber 19, 2018 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.