‘Trutling’ – in mysterieus Frysk wurd

desimber 17, 2018 09:48

Troch Henk Wolf

Yn âlde boeken komt men gauris wurden tsjin dy’t út de moderne taal weiwurden binne. In foarbyld fan sa’n wurd is trutling of eftertrutling. Yn myn kolleezjes haw ik it wolris oanhelle as foarbyld fan in wurd dat sa útwrydsk is dat sels de fûlste distansjearringsoanhinger it net brûkt. Wat net sizze wol dat it net in prachtich wurd is.

De namme trutling of eftertrutling kin foar ferskate fiere famyljeleden brûkt wurde. Ik bin it foar it earst tsjinkaam yn de Rimen en teltsjes fan de bruorren Halbertsma. Yn it taljochtsjend wurdlistje ferklearret de bewurker it as ‘fiere neven en nichten’. It Wurdboek fan de Fryske Taal definiearret it as ‘achterkleindochter’, ‘verre verwant’, ‘verre nakomeling’, ‘achterneefs- of -nichtskind’.

It komôf fan it wurd is net sa dúdlik. Nei alle gedachten is it in ôflieding fan in net mear besteand wurd trut, dat ‘frou’ of yn it algemien ‘geliefde’ betsjutte. It kin wêze dat it ûntstien is as wurd foar it froulik geslachtsdiel, mar it kin ek wêze dat it komt fan in tiidwurd foar ‘hâlde fan’, ‘leafhawwe’. Dan is it besibbe oan it Nederlânske troetelen. Yn âlder Nederlânsk is trot(te) as leave oansprekfoarm foar froulju wol oantroffen en yn Flaanderen wurdt tsjin bern noch wolris trotteken sein. In rike omke dy’t syn famylje rynsk bedielde waard yn Flaanderen ek wol trootnonkel neamd – ‘leave omke’ dus.

 

desimber 17, 2018 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.