‘Toanielkrieg’

desimber 17, 2018 11:13

It is my net dúdlik hoe’t it belied fan de Ljouwerter Krante is wat Fryske sitaten oanbelanget. Soms wurde Fryskpraters yn it Fryske oanhelle, wat logysk liket, omdat it natuerliker is. Mar oare kearen wurde Fryskpraters yn it Hollânsk sitearre. No sil dat der wol mei te krijen hawwe dat benammen sjoernalisten ôfkomstich fan it Dagblad van het Noorden (susterblêd fan de LC binnen de de NDC Mediagroep) it Frysk ûnfoldwaande behearskje, mar der binne fansels Afûk-kursussen foar om it te learen.

In aardich foarbyld fan wêr’t gebrek oan kennis fan it Frysk ta liede kin, stiet yn de kollum fan Gitte Brugman yn de freedsbylage fan 30 novimber. Gitte wol efkes neigenietsje fan de suksessen fan LF 2018. Dat gun ik har graach, want yndied hawwe de sjoernalisten fan de LC in reuze-prestaasje levere by it ferslaan fan it barren dêr’t Fryslân noch jierrenlang de fruchten fan rispje kin. Se trunet de Fryske polityk oan om yn it ramt fan de legacy ek de kommende jierren te ynvestearjen yn keunst en kultuer. Dat bin ik hielendal mei har iens. Mar Gitte ûntspoart as hja skriuwt: “Friesland heeft een stevige toneelcultuur met iepenloftspullen en Toanielkrieg”. No kin it wêze dat Gitte dat mei opset sin skriuwt, as humor mei in knypeach, mar ik bin bang dat se har fersint en net wit dat it Fryske wurd toanielkriich neat te krijen hat mei in oarloch, sa’t krieg suggerearet.  Ik nim alteast net oan dat Gitte ha wol dat wy ús as legacy yn in toanieloarloch stoarte moatte…

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

desimber 17, 2018 11:13
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Abe desimber 17, 13:03

    ,,(..) yndied hawwe de sjoernalisten fan de LC in reuze-prestaasje levere by it ferslaan fan it barren dêr’t Fryslân noch jierrenlang de fruchten fan rispje kin.” Miskien kin Jehannes dat fan dy ,,fruchten” noch wat taljochtsje? Of binne dat fan dy sintsjes dy’t der suver automatysk útrôlje as je tefolle LC lêze en te min Fers2?

  2. Johannes desimber 17, 13:52

    Oeral `Legacy` brûke is ek sa´n goedkeap wurd. Ik soe `legaat` as Frysk wurd skriuwe. Spitich foar dy Jehannes myn krityk, do skriuwst sokke aardige stikken.

  3. Eddy desimber 17, 20:36

    jOhannes, kinne jo dat fan de ‘fruchten’ noch even taljochtse? Oer in skriuwflater eamelje set gjin soaden oan ‘e dyk.

  4. Nanne Hoekstra desimber 17, 22:18

    De earste alinea fan Jehannes syn ynstjoering fyn ik it meast nijsgjirrich. Minsken dy’t wol Frysk prate kinne, wurde yn de Ljouwerter Krante faak net yn it Frysk sitearre. Miskien ha se op dat stuit gjin Frysk praten om’t de fragen oan harren yn it Nederlânsk steld binne? Mar de Ljouwerter docht dus beslist net syn bêst om sa folle mooglik Frysk te skriuwen. Foar it Frysk Deiblêd jildt oars itselde. In pear jier lyn ha lêzers frege om mear Frysk yn dy krante mar ik fernim der net folle fan.

  5. Abe desimber 17, 23:25

    Ik soe ris in ûndersykje dwaan, Hoekstra. Miskien jout dat oare ynsjoggen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.