Tema ‘Adam & Eva’ sintraal yn Nijjierskonsert Nederlands Blazers Ensemble
Resint ferskynd
It Nederlands Blazers Ensemble (NBE) spilet âlderwenst op 1 jannewaris syn Nijjierskonsert yn it Konsertgebou yn Amsterdam. Diskear stiet it tema ‘Adam & Eva’ sintraal. Fanwege enoarme belangstelling spylje de blazers it konsert de middeis twa kear, om 14.00 en om 17.00 oere. Beide konserten binne al in skoftke útferkocht.
It wurdt in muzikaal spektakel, mei meiwurking fan sjonger-ferskesskriuwer Gerson Main, de Bijlmer Steelband en it Noorder Collectief. Hja binne allegear lokale muzikale helden, dy’t earder dit seizoen meispilen mei de blazers yn de Amsterdamse Cultuurhuizen om de Dei fan de Frede te fieren. Dêrneist ferlient Consensus Vocalis, profesjoneel koar út East-Nederlân syn meiwurking, stipe troch in grut, spesjaal foar dit Nijjierskonsert gearstald koar út alle wynstreken. De sjongeressen fan Wishful Singing dogge mei en twa dûnsers fan ISH: Feadan McCall en Zino Schat. It ûnderwilens wrâldferneamde Dútske dûnsduo Nellia (64) en Ditmar Ehrentraut (70) sil, yn it fermidden fan dat muzikaal ferskaat, syn boogiewoogie-dûnsbewegings demonstrearje.
De blazers spylje wurken fan ûnder oaren Händel, Monteverdi en Mozart. Alle jierren binne der nije wurken te hearren fan jonge komponisten, de winners fan de jierlikse komposysjewedstriid fan it NBE. De trije lokkigen dy’t mei it NBE op it poadium fan it Konsertgebou stean, binne sjonger-pianist Ben Forte (19) út Utert, kontrabassist Casper Groep (13) út Krommenie en sjongduo Sijmen McDonald (17) en Teun de Vries (17) respektyflik út Goaiïngea en Skearnegoutum.
31 desimber 15.00 oere, De Generale yn it Konsertgebou (útferkocht).
1 jannewaris 14.00 en 17.00 oere, It Nijjierskonsert yn it Konsertgebou (útferkocht).
It Nijjierskonsert wurdt troch BNNVARA útstjoerd op 1 jannewaris om 19.00 oere op NPO2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje