Switserlân erkent twa minderheidstalen

desimber 9, 2018 15:45

Switserlân is offisjeel in fjouwertalich lân. De talen Dútsk, Frânsk en Italiaansk binne folweardige offisjele talen, it Retoromaansk hat in wat legere status. Fierders spylje regionale farianten fan it Dútsk – it Schwitzerdütsch – yn de deistige omgong in grutte rol en wurdt yn Switserlân troch de oanwêzigens fan in protte ynternasjonale organisaasjes in protte Ingelsk brûkt.

No komme der yn Switserlân offisjeel twa talen by – offisjeel alteast, want se wiene der altyd al. It Frankoprovinsaalsk en Franc-Comtois waarden almeast as foarmen fan it Frânsk beskôge, al foarmje se taalkundich in oergong tusken it Frânsk en de Oksitaanske dialekten dy’t yn it suden fan Frankryk praat wurde. No hawwe se in eigen status krige. Yn it grutste part fan wat no Frânsktalich Switserlân is, wiene fanâlds it Frankoprovinsaalsk en it Franc-Comtois de deistige omgongstaal, mar de befolking is manmachtich op it Standertfrânsk oergien. De dialekten fan it hjoeddeiske Frânsktalige Switserlân wurde yn Switerslân faak Welsk neamd, in wurd dat fanâlds ‘frjemd’ bestjut en dat ek de grûnslach is fan de nammen fan de talen fan Wales en Walloanië.

It Frankoprovinsaalsk, dat ek yn de oanbuorjende regio’s yn Frankryk en Italië brûkt wurdt, hat goed hûnderttûzen sprekkers, fan wa’t sa’n sântûzen yn Switserlân wenje. De measten fan harren binne âld. It Franc-Comtois wurdt wol as fariant fan it Frankoprovinsaalsk beskôge, mar kriget in aparte status.

De erkenning fan de twa regionale tongslaggen as minderheidstalen is dien op oanstean fan de Ried fan Europa. Om’t se beide op útstjerren steane, wurdt der in soad ûndersyk nei dien. Switserlân wol dêr ekstra jild foar útlûke. Doel is ek om de talen mear bekendheid te jaan troch se in plak te jaan op kulturele festivals.

Switserlân erkent no fjouwer talen as minderheidstalen. Dat binne neist it Frankoprovinsaalsk en Franc-Comtois ek de nasjonale talen Italiaansk en Retoromaansk. It Italiaansk is de memmetaal fan likernôch seis persint fan de Switsersk, it Retoromaansk fan minder as ien persint.

It Frankoprovinsaalske taalgebiet:

desimber 9, 2018 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.