Subsydzje foar sportpark It Kymfjild Top & Twel

desimber 19, 2018 16:25

TOPenTWEL yn beweging – foto: fan de provinsje Fryslân

De feriening Doarpsbelang TOP & TWEL kriget € 35.000 út it provinsjale Iepen Mienskipsfûns foar it projekt ‘sportparkje It Kymfjild’. Mei it jild kin in frij tagonklik sportparkje realisearre wurde mei útdaagjende sport- en beweechûnderdielen. Bern geane sels of mei harren âlden of paken en beppen op ûntdekking. It Kymfjild wurdt duorsum oanlein en kriget foaral in grien karakter. De totale kosten fan it projekt binne € 106.297.

It Kymfjild (‘dêr’t beweging en moeting ûntkymje!’) wurdt yn ’e midden fan Top en Twel oanlein. Mei it troch de ynwenners foarme sportparkje wurdt bydroegen oan de sûnens en oan de sosjale bining tusken de ynwenners fan beide doarpen. De ynwenners en de learlingen fan basisskoalle It Harspit hawwe ideeën oandroegen foar it plan.

Iepen Mienskipsfûns
It projekt ‘sportparkje It Kymfjild’ is ien fan de achttjin projekten yn de regio Súdwest Fryslân, dy’t subsydzje krije út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) fan de provinsje Fryslân. Dy projekten soarge mei-inoar foar in ynvestearing fan goed € 800.000 yn de leefberens fan de regio. Yn 2019 kinne ynwenners fan Fryslân opnij subsydzje oanfreegje út it IMF. Betingst is in goed inisjatyf foar it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of stêd. De folgjende subsydzjeomloop rint fan 21 jannewaris oant en mei 15 febrewaris 2019. Sjoch foar meer ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen van subsydzje op www.streekwurk.frl/imf

desimber 19, 2018 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.