Stipe foar Swarte Pyt nimt hurd ôf

desimber 2, 2018 20:52

Presys de helte fan ‘e Nederlanners wol dat Swarte Pyt bliuwt sa’t er wie. Tsjin dy fyftich persint stiet in hast like grut oanpart fan 44 persint dat in oanpaste Pyt wol. Ien persint fan ‘e Nederlanners wol dat Pyt hielendal ferdwynt. Dat docht bliken út ûndersyk fan I&O Research.

De mienings yn Nederlân binne hurd feroare. In pear jier ferlyn wie in romme mearderheid noch foar behâld fan de tradisjonele Swarte Pyt. Wol hawwe de minsken harren nocht fan it oanhâldende media-omtinken foar foar- en tsjinstanners. 68 persint fan ‘e Nederlanners is net wiis mei de diskusje.

De ferskowing fan opfetting sit benammen by jongelju en by minsken mei in hege oplieding. Boppedat sitte de foarstanners fan in oanpaste Pyt benammen yn ‘e Rânestêd en alhielendal yn Noard-Hollân. Yn de provinsjes Drinte, Seelân en Limburch wol mear as twa tredde fan ‘e minsken dat Pyt bliuwt sa’t er is.

Regionale foarkarren foar in oanpaste Pyt:

In ferslach fan it ûndersyk is te finen op it webstee fan I&O Research: link.

desimber 2, 2018 20:52
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Maurits desimber 2, 23:20

    Opdrachtjouwers I&O Research: 80% “oerheid”, sa: NepNijs mei as doel beynfloeding.

  2. Eric desimber 3, 09:06

    De NOS bliid! NPO bliid! Jabik van der Bij bliid! Elite bliid! NRC en Volkskrant-folk bliid. Mar it is in ramp, want de priis foar dizze oerwinning is dit. Dat it rasisme en de ferdieldheid ûnder de minsken bot tanommen is. En dat is folle slimmer as it kleurke fan Pyt.

  3. Willem desimber 3, 10:41

    … en reginten bliid: ferdiel en hearskje hat hieltyd in middel west om de macht te krijen en te hâlden.

  4. Rob desimber 3, 12:18

    Fansels sille bern yn’e Rânestêd SP net misse. Se sjogge him dochs al hast nea. By my om’e hoek is dizze in grutte SP-pop mei in protte geweld fan de toanbank fan in bakker stellen. Yn H’sum roppe anti-SP’s “ZP bestaat niet!”. Dan giest kontrontaasjes mei dyn bern derby wol leaver út de wei. Noard-Hollân is net pro-roetpiet mar ferdield. Ik tink dat yn myn stêd (A’dam) hast gjinien mear as SP de strjitte op doart. Eltsenien wol roomsker as de paus wêze yn dit PK-klimaat. De rasismekaart wurdt sa faak spile datst of konformearje wolst of krekt rasistyker derfan wurdst. Bliid as it tongersdei is…..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*