Spits fan de Jouster Toer helle

desimber 13, 2018 17:43

Foto: It Nijs

Fan ’e middei is mei in heechwurker de spits foar grut ûnderhâld fan de iuwenâlde Jouster Toer helle (foto hjirneist). It houtwurk (foto ûnder) wie sa bot ferwurden dat de hiele spits der mei hurde wyn ôfwaaie koe.

Neffens Jelle Belksma, foarsitter fan de stifting Behâld Ryks Monuminten (BRM) yn De Fryske Marren is de measte skea net feroarsake troch houtwjirm of de bûnte kjifkrobbe lykas by in protte oare tuorren wol it gefal is. Yn dit gefal liket it hout benammen troch lekkerij oantaast. Belksma: “Sa te sjen is it noch it oarpronklike hout, dat brûkt is by it bouwen fan de toer.”

De earste stien fan de Jouster Toer is yn 1628 lein. Oant 2016 wie de gemeente eigner. BRM hat yn dat jier it eignerskip oernaam. Mei, sa’t no bliken docht, wat efterstallich ûnderhâld.

De restauraasje sil in oantal moannen duorje. Dat, it oansjen fan it monumintale bouwurk sil in skoft skansearre bliuwe.

 

 

 

Foto: It Nijs

desimber 13, 2018 17:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.