Skriuwe, lêze, prate en ferstean

desimber 31, 2018 09:00

It boerespul yn Jislum dêr’t ik opgroeide – ôfbylding fan Google Earth

Troch Kees van der Beek

Wat hjir boppe stiet moat eins al hielendal oarsom: ferstean, prate, lêze en skriuwe. Sa giet dat mei taal: fan jongsôf krije wy mei de brijleppel de taal oanbean. Boartsjendewei fergrutsje wy de wurdskat en yn it ûnderwiis wurde wy rekke troch in frjemde taal.

Doe’t ik as lyts jonkje fan Jislum nei it ‘grutte’ Marrum ferhuze, hearde ik foar it earst it ferskil tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk. Mei 5 jier wie myn memmetaal foarme; myn âlden, bruorren en sussen, de lytse boerepleats, de buorlju, it fee: hynder, kij en keallen, bolle en bargen, de rûchskerne, katten, hinnen en in hoanne, it lân, it ark, it bytsje boartersguod – alles om my hinne krige in namme en sa ûntdiek ik de wrâld. Op ‘e klaai klonk it ynienen allegearre oars: ”Jim sizze it hjirre net goed, hear!” Heit, seis, geit, trein op syn Wâldfrysk waard no op syn Klaaisk: hoit, sois, goit en troin…. Sa lyts as ik wie, siet dat taalgefoel der al yn.

Geandewei krige ik yn ‘e gaten dat der folle mear wurden foar ien en itselde begryp besteane, al fernuvere ik my der bytiden wol oer dat wurden as ‘sipel’ en ‘hynsterljirre’ in folslein oare klank krigen – ‘sijpel’ yn stee fan ‘ui’ of ‘paardelare’ yn stee fan ‘rookvlees’ – de betizing kin grut wurde as men soks foar it earst heart.

Komt men oer de grins, dan is ynienen jins memmetaal net mear te brûken – gjin minske ferstiet noch wat der sein wurdt. Myn taal giet ferlern en in iensum gefoel oerfalt my.

Op skoalle lear ik in ‘frjemde’ taal – it Hollânsk: de taal fan de minsken dy’t wat leard hawwe, tocht ik… As ik dat goed yn it snotsje ha, tel ik dus bûten de memmetaal ek mei, tocht ik… Mei myn tongfal foel ik fansels fuortendaliks op as ien, dy’t mient dat er wat hegerop komme moat, mar noch altyd syn komôf net kwyt is: ja hear, wer sa’n Fries dy’t net rjocht wit hoe’t de tiidwurden delset wurde moatte…

No’t ik al 28 jier net mear yn Fryslân wenje en troch it ûnderwiis sa ferhollânske bin dat ik, sels no noch, deryn fertiizje hoe’t dat no mei dy tiidwurden sa útinoar rinne kin dat ik no noch betrape wurd op it brike brûken dêrfan; ik krij it soer – it brekt my allegeduerigen op!

Seis jier lyn rekke ik myn wurk kwyt; problemen mei it gehoar soargen derfoar dat it wurk yn it ûnderwiis net mear fol te hâlden wie. Mei myn frou en bern praat ik noch altyd Frysk en troch bestjoerswurk by in Fryske krite yn Hurderwyk en it skriuwerskip fan it Frysk Boun om Utens kom ik sa stadichoan wer werom by myn memmetaal en net allinnich mar yn it deistich brûken, mar ek yn de kommunikaasje nei oare Friezen om utens, sawol yn spraak as yn it skriuwen.

Mei ien jier Fryske les op de PA haw ik it foech helle; yn Gerkeskleaster – op de grins fan Fryslân en Grinslân – oan it Prinses Margrytkanaal of, sa’t it ek wol yn it Frysk neamd wurdt: it Knillesdjip. Oan de kristlike basisskoalle ien kear besocht om wat mei it Frysk te dwaan: foarlêze út de Fryske Bibel. Dat foel by ien fan de bestjoersleden net goed – de dochter wie mei it blide ‘boadskip’ thúskaam; mem hie wollen dat ik it net yn it Frysk, mar yn it Ingelsk dien hie… Wat yn 1980 by wet yn it basisûnderwiis yn Fryslân jilde, wie dêr op ‘e grins wier in brêge te fier. Fan 1990 ôf wie ik as in soarte fan ûntwikkelingswurker nei de Feluwe ôfsakke. Mar dêr moast ik it net weagje en praat myn memmetaal; sels mei in Frysktalige kollega koe it net troch de bûgel.

Yn 2012 ha ik it stokje fan Meindert Tjerkstra oernommen; hy wie yn 2009 op inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging entûsjast úteinset mei in Frysktalige nijswebside. Nei fjouwer jier moast Meindert fanwegen tanommen drokte yn it ûnderwiis dêr mei ophâlde. De Ried siet mei de hannen yn it hier, mar ik rekke út it wurk en krige sadwaande seeën fan tiid om my dêr yn fêst te biten. Mei in soad frijwilligers is der in soad wurk ferset. Berjochten oanleverje, oersette en teksten behoffenje – der gie in soad tiid yn sitten. Frijwilligerswurk is gjin frijbliuwend wurk, alteast – sa tink ik, mar net elke frijwilliger tinkt der krek sa oer. It oanfiterjen fan dy frijwilligers is lestich, foaral as ik se net yn de eagen sjen kin; dêrom is de opset fan It Nijs yn ’e rin fan de tiid feroare en wurdt no sa stadichoan mei in fêste ploech fan skriuwers op geregelde tiden nijs oanbean, wat eins gjin ‘âld-nijs’ wêze mei, mar mear in kollum of opiny-stik opleveret. Mei it útbringen fan de hichtepunten fan de dei troch it Deiblêd en fan de wyklikse hichtepunten troch it Wykblêd, dêr’t elkenien him op abonnearje kin, is It Nijs útgroeid ta in Frysktalige nijswebside mei foaral eftergrûnynformaasje oer saken dy’t yn Fryslân, Nederlân, Europa en de wrâld barre.

De folchoarder fan skriuwen, lêzen, praten en ferstean dêr’t dit skriuwen mei begûn, is no, nei seis jier krewearjen foar It Nijs wer yn oarder. It hâldt fansels net op – sa lang as ik kin, sil ik skriuwe en lêze – it praten en ferstean sil ik wol nea kwytreitsje, want wat der mei de brijleppel yngie, wurdt der mei gjin swipe útslein!

Foar It Nijs sit it der mei yngong fan 1 jannewaris 2019 lykwols foar my op – oaren sette troch – mei in soad nocht en wille!
Foar alle praters, lêzers en skriuwers: folle lok en seine yn 2019!

Kees van der Beek wennet yn Ermelo

Redaksjoneel neiskrift: sjoch ek ‘Rêder fan It Nijs giet mei pensjoen’ yn de rubryk Nijs út de Fryslannen.

desimber 31, 2018 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes jannewaris 3, 17:41

    Goeie Kees, mei niget haw ik dyn stikken op IT NIJS altiten lêzen. Der is in kommen en do hâldst no wêrmei op. Dat is fansels spitich, mar do bist net fuort. Ik hoopje dy nochris te sjen by dyn âldershûs en/of by de mûne `De Volharding` op in simmerdei mei hurde wyn. Groetnis, Johannes fan Wânswert.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.