Sjuery Grote Poëzieprijs 2019 bekend

desimber 4, 2018 10:17

De sjuery fan de earste edysje fan De Grote Poëzieprijs bestiet út dichter Joost Baars, heechlearaar moderne Nederlânske letterkunde Yra van Dijk, skriuwer en presintator Adriaan van Dis, dokumintêremakker Cindy Kerseborn en dichter en teatermakker Maud Vanhauwaert.

De Grutte Poëzijpriis bekroant de bêste Nederlânsktalige dichtbondel fan it jier mei in jildbedrach fan € 25.000,-  en wurdt op 16 juny 2019 foar it earst úrikt by it 50e Poetry International Festival Rotterdam. Op 6 febrewaris makket de sjuery de nominaasjes foar De Grutte Poëzijpriis bekend by de ûntknoping fan de tsiende Turing Gedichtewedstriid yn de Rode Hoed yn Amsterdam. De sjuery is oansteld troch de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde op foardracht fan de School der Poëzie en Poetry International Rotterdam.

De sjuery fan De Grutte Poëzijpriis beoardielet Nederlânsktalige bondels dy’t ferskynd binne tusken 1 septimber 2017 en 31 desimber 2018. Foar De Grutte Poëzijpriis kinne foar it earst ek bondels útjûn yn eigen behear ynstjoerd wurde. Underwilens hat de sjuery goed sechstich titels ûntfongen. Ynstjoere kin noch oant en mei 31 desimber oansteande.

desimber 4, 2018 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*