“Sjoernalisten moatte it ferdrach sels lêze”

desimber 9, 2018 17:05

Yn it ferdrach fan Marrakesj stiet neat dat net al yn oare ynternasjonale ferdraggen stiet. It is in ‘humane yntinsjeferklearring’. Dat seit Wouter Arrazola de Oñate, ien fan ‘e minsken dy’t meiskreaun hawwe oan de tekst fan it ferdrach. Hy ûnderstelt kweade wil of ûnfoldwaande lêsfeardigens by de minsken dy’t krityk jouwe op it ferdrach.

Arrazola de Oñate hat as dokter tweintich jier lang met flechtlingen wurke. Hy hat út syn ûnderfining wei meitocht oer de tekst, krekt as in grut tal oare saakkundigen, sa fertelt er op it Flaamske nijswebstee Knack.

“Journalisten, academici en opiniemakers moeten hun werk doen en de tekst lezen”, skriuwt er. Hy wiist derop dat in grut tal minsken yn 2017 yn in iepenbiere konsultaasje suggestjes jûn hat foar de ynhâld fan it ferdrach.

De dokter wiist krityk dat it ferdrach de selsstannigens fan lannen ôfnimme soe fan ‘e hân. Hy skriuwt: “De benadrukking dat [migratie] een door lidstaten geleid, niet wettelijk bindend proces is, met respect voor de nationale wetgevingen, de nationale soevereiniteit, de nationale realiteiten en prioriteiten wordt wel zestien keer aangehaald in de tekst.” De Flaamske N-VA hie dat kritykpunt en utere de eangst dat rjochters de tekst fan it ferdrach wol binend ynterpretearje soene.

Neffens Arrazola de Oñate hâlde “kwatongen” út dat der yn it ferdrach neat stean soe oer it weromstjoeren fan ymmigranten. Hy wiist derop dat dêr yn it ferdrach krekt wiidweidich op yngien wurdt en dat der sels in kêst is oer it opsluten fan minsken yn ôfwachting fan útwizing.

Fierder wiist de dokter derop dat it ferdrach yngiet op de beskerming fan ymmigranten tsjin útkniperij en dat steaten it rjocht hawwe om fêst te stellen hokker ymmigranten oft legaal of yllegaal yn it lân ferbliuwe. Neffens him wurdt gauris sein dat dy dingen der net yn stean soene.

It ferdrach hat de folgjende 23 doelen:
1. Betroubere gegevens sammelje om belied op te basearjen;
2. De oarsaken fan twongen migraasje bestride;
3. Lânferhûzers goed ynformearje;
4. Derfoar soargje dat lânferhûzers in identiteitsbewiis krije;
5. Legale ymmigraasje makliker meitsje;
6. Soargje foar goede wurkomstannichheden foar ymmigranten;
7. Ymmigranten beskermje tsjin misbrûk;
8. Ynternasjonaal gearwurkje by it opspoaren fan fermiste lânferhûzers;
9. Ynternasjonaal gearwurkje by it oanpakken fan minskeslûkerij;
10. Ynternasjonaal gearwurkje by it foarkommen fan minskeslûkerij;
11. Ynternasjonaal gearwurkje by it bewekjen fan grinzen;
12. Ymmigraasjeprosedueres dúdliker meitsje;
13. Ymmigranten allinnich yn it uterste gefal opslute;
14. Soargje foar konsulêre bystân fan lânferhûzers;
15. Ymmigranten rjocht jaan op basale foarsjennings;
16. Bydrage oan dielname fan ymmigranten oan de mienskip;
17. Diskriminaasje fan ymmigranten bestride;
18. Ynvestearje yn it oplieden fan ymmigranten;
19. Derfoar soargje dat lânferhûzers bydrage oan de ûntwikkeling fan it âlde heitelân en it nije thúslân;
20. Ymmigranten goed foarljochtsje oer finansjele prosedueres;
21. Ymmigranten helpe om feilich werom te ferhûzjen of om te yntegrearjen yn it nije thúslân;
22. Sosjale rjochten foar ymmigranten fêstlizze;
23. Ynternasjonaal gearwurkje om in feilige en goed organisearre legale migraasje mooglik te meitsjen.

De tekst fan it ferdrach fan Marrakesj, offisjeel it Global Compact for Safe, Orderly and Regular Migration, is hjir nei te lêzen:
https://refugeesmigrants.un.org/sites/default/files/180711_final_draft_0.pdf

desimber 9, 2018 17:05
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Veritax desimber 9, 23:17

    Sels in bern kin befetsje dat dizze 23 “doelen” yn ‘e hannen fan globalistyske reginten en rjochters sûnder muoite ta “rjochten” makke wurden sille.

  2. - desimber 10, 07:50

    …in grut tal minsken – in protte/soad minsken
    útbuiting – útrûpeljen

  3. Rob desimber 10, 11:54

    De alderearste sin jout al oan dat it dus hielendal net nedich is en tekkenje dit pakt. Mar dochs moatte fertsjinwurdigers fan 193 lannen nei Brussels fleanen derfoar. It miljeu is o sa wichtich mar no giet in djoer kopietsje foar. En mei alle repekt, mar wa’t tinkt dat lannen lykas Mali of Burkina Faso har oan dit pakt hâlde sille hat it ferstân fan in kleuter. Dat hawwe se nea dien en feroaret dus net troch in pakt dat sels al oanjout net binend te wêzen.

  4. Rob Tielman desimber 11, 09:25

    Rob: Brussel? Marrakesh…

  5. Rob desimber 11, 12:18

    Tanke, Rob. Dat wie fansels in stomme flater.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.