Simone Djurrema: God jul och gott nytt år!

desimber 22, 2018 19:00

Kollum

© Simone Djurrema

De tsjustere dagen foar krystiid binne oanbrutsen. Wy hawwe wer fan alles oan krystspul út de kast helle, dat it skynt en glitteret wer oan alle kanten. Ik tocht de kreäbeä oftewol de kreativeling út te hingjen en krystmannen te meitsjen. No ja, in krystman en in krystfrou. Ik sil ris útlizze wêrom.

Ik hâld fan dy hiele grutte krystmannen, mar de moaisten binne djoer, wol sechtstich of njoggentich euro en dat haw ik der net foar oer. Boppedat hawwe dyselden dy’t ik hawwe wol der gjin froulju by en dat fyn ik no just sa aardich.

Doe’t ik in famke wie hie ik in útsprutsen miening en smaak. As we om klean te winkeljen wiene sei ús mem wolris: “Watsto hawwe wolst moat noch útfûn wurde.” En dat hawwe we tegearre ek in pear kear dien: ik fûn it út en mem naaide it, en ik hie it dan hielendal nei it sin!

Dat doe’t ik de prizen seach en dat de krystmannen my net iens nei ’t sin wiene, tocht ik: Dat kin iksels! Ik haw wat materiaal kocht en bin oan ’e slach gien, en al siz ik it sels, it wurdt wol wat! Doe moasten der fansels mear komme foar it gefal dat de famylje yn Fryslân in stel hawwe wol, dat ik haw trije stellen hast klear en noch wat materiaal foar mear. Dan kin yn maart de kofferbak mar fol!

Dit jier krije we net mei krysttiid, mar mei âld en nij freonen út Fryslân op besite. Mar omdat de Sweden safolle drokte fan de krystdagen meitsje, dogge we gewoan sabeare dat it noch krysttiid is wannear’t Vera en Iris mei harren âlden komme. Ik haw foar de famkes twa boupakketsjes foar pepparkakshuskes helle: spekulaashúskes, en fersiering. Doe’t ik frege wêr’t se mear fan holden, ferassingen of foarwille, keazen se foar foarwille. Neffens harren mem stuiteren de dames aardich op en del doe’t ik in foto stjoerde, dat it wie in goede kar!

En wy hâlde fansels, krekt as alle kearen wannear’t der besite komt, it waar mei arguseagen yn ’e gaten. Want se moatte fansels wol snie hawwe! Mar it kwakkelet krekt as yn Nederlân, it kin alle kanten noch út. Faak is it ûnder nul, mar soms krekt derboppe, en snije docht it ek wol, mar it moat efkes lizzen bliuwe! Dan kinne se yn ’e snie boartsje! Want oan it enoarme oantal berjochtsjes te sjen dat ik op Facebook foarbykommen seach doe’t it yn Fryslân snijde, is dat noch altyd it moaiste.

Bytiden haw ik noch hieltyd in bytsje muoite mei wurden dy’t hjir hiel wat oars betsjutte. ‘God’ en ‘gott’ is bygelyks ‘goed’. It fielde earst krekt as wiene je oan it flokken yn ’e tsjerke, letterlik! Mar eltse kryst went it wer mear. (Wylst ik dat skreau sjit my de Sweedske betsjutting fan ‘krysta’ yn it sin. Dat hat net folle mei it krystfeest te meitsjen, of we moatte it al op de berte fan it berntsje Jezus smite: ‘krysta’ betsjut ‘parsje’ lykas mei weeën of fleagen. Jimme begripe wol dat ik no eefkes sit te nokkerjen.)

Yn elts gefal winskje ik jimme no

(Sprek mar op syn Frysk út: Goed juul ok got nút oar. Letterlik: Goede kryst en goed nei jier.)

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
desimber 22, 2018 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.