Rêder fan It Nijs giet mei pensjoen

desimber 31, 2018 09:00

Fan it deistich bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging

Kees van der Beek

Neidat de Frysktalige nijsside It Nijs in pear jier aardich draaid hie, rekke de Ried fan de Fryske Beweging as oanbieder fan It Nijs frijwat oantangele mei de kontinuïteit fan de berjochtjouwing. De doedeistige opset fan it wurkjen mei in grut tal meiwurkers dy’t sa út en troch wat kopij oanleveren joech te min garânsjes dat der alle dagen nije berjochten publisearre wurde koene – sa’t fan in nijsside ferwachte wurde mei – benammen doe’t guon frijwilligers it nei in skoft te bannich fûnen en hieltyd minder diene of hielendal ôfheakken. De Ried wie sadwaande tige ynnommen mei Kees van der Beek dy’t – doe’t er út it wurk rekke – ree wie om him alle dagen in fiks tal oeren yn te setten foar It Nijs, sadat Frysktaligen altyd wat aktueels te lêzen ha yn harren eigen taal dy’t se sadwaande op in noflike wize ûnderhâlde kinne. Dêrmei hat Kees It Nijs doe rêden.

Sa seach It Nijs der yn ‘e begjinjierren út

No fynt Kees it tiid en gean mei pensjoen. Dat kin er yn prinsipe rêstich dwaan, trochdat de kontinuïteit fan de berjochtjouwing by It Nijs yn de tuskentiid garandearre is troch strakke ôfspraken mei meiwurkers dy’t soargje dat der alle dagen wat nijs te finen is. Lykwols spilet Kees noch hieltyd net swak by en sadwaande sil syn wurk o sa mist wurde. Mar fansels fergunne we it him net dat er it no nei al dy jierren einlings ris wat tuike-oan dwaan kin.

Op in redaksjegearkomste okkerlêsten hat it Riedsbestjoer syn wurdearring foar Kees syn jierrenlange kontinue skreppen al blike litten, mar no’t it dan wier safier is, wolle we der op Kees syn eigen medium ek noch efkes omtinken oan jaan.

Tige, tige tank, Kees en genietsje tenei fan dyn frije tiid!

Sjoch ûnder Opiny de ôfskiedsbydrage fan Kees van der Beek sels.

desimber 31, 2018 09:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Sybren jannewaris 3, 09:28

    Hulde!

  2. Cor Jousma jannewaris 3, 11:06

    Sokken binne de echten!

  3. Hâns J. Weijer jannewaris 4, 18:10

    Geweldich Kees!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.