Realisaasje duorsume wenwyk Harinxmalân yn Snits giet troch

desimber 6, 2018 11:56

De gemeente Súdwest-Fryslân en Zwanenburg Projecten BV fan It Hearrenfean hawwe in oerienkomst tekene foar de bou fan 74 duorsume en gasleaze wenten oan iepen farwetter yn faze 1F yn Harinxmalân yn Snits. De bou set nei alle gedachten yn 2020 útein. Zwanenburg boude earder al 64 wenten yn faze 1D.

Bou- en wenryp meitsjen fan de lokaasje
Zwanenburg is al sûnt 2016 eigener fan de grûn yn faze 1F en soarget sels foar it bou- en wenryp meitsjen fan de lokaasje. ‘Wenryp meitsjen’ betsjut dat it bouterrein geskikt makke wurdt foar úteinlik gebrûk. It giet om it oanbringen fan definitive ferhurding, parkearplakken, strjitferljochting en grienfoarsjennings.

Bouplannen foar 24 wenten yn faze 1C
De gemeente Súdwest-Fryslân wol yn it jier 2020, neist de 74 wenten yn faze 1F, ek de bou fan 24 wenten yn faze 1C mooglik meitsje. Dy faze wurdt in miks fan kavels dy’t frij út te jaan binne en projektmjittige bou. Dêr ûntstiet in moai fariearre oanbod troch. De gemeente hat dêr goede ûnderfinings mei.

desimber 6, 2018 11:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*