Reaksje DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030

desimber 15, 2018 15:42

Op 30 novimber hawwe Ryk en Provinsje Fryslân yn Ljouwert de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2019-2023 ûndertekene. Neffens syn wetlike taak hat DINGtiid beide oerheden advisearre by it tastânkommen dêrfan. No’t de BFTK tekene is, reagearret DINGtiid op it einprodukt. It advysorgaan foar it Frysk hat wurdearring foar de ambysjes en it feit dat mei it jier 2030 ek in konkreet koerspunt steld wurdt. De ambysjes kinne lykwols allinne helle wurde as Ryk en provinsje goed stjoer hâlde op de doelen dy’t de BFTK befettet en dêrby mei-inoar en mei it fjild yn petear bliuwe. Fierder soe it goed wêze as in kommende BFTK mear oandacht hat foar cross-mediale tapassingen fan it Frysk; wat dat oangiet fynt DINGtiid dizze BFTK noch wat te behâldend. Boppedat hat it advysorgaan noed oer de kennissektor fan it Frysk; dêr sil DINGtiid yn 2019 dan ek in advys oer útbringe.

Ambysjes
Yn de reaksje op de BFTK sprekt DINGtiid syn wurdearring út foar de ambysjes dy’t Ryk en Provinsje mei it Frysk hawwe. It is goed dat dêr in konkrete termyn by hantearre wurdt: yn 2030 moat it gebrûk fan it Frysk yn alle wichtige maatskiplike domeinen net langer allinne in rjocht, mar in natuerlike en fanselssprekkende saak wêze. Boppedat befettet de BFTK genôch konkrete ôfspraken om dy ambysjes ek helber te meitsjen. Dêrmei is dizze BFTK in wichtige stap foarút mei it Frysk.

Rûtekaart nei 2030
Wol fynt it advysorgaan it wichtich dat Ryk en Provinsje de syklus fan doelstelling, evaluaasje en bystjoeren goed yn it each hâlde. In stjoeringsdokumint as de BFTK befettet in protte haadlinen, mar it is essinsjeel dat der konkrete doelen oan de ambysjes keppele wurde, dy’t ek periodyk metten wurde kinne. Dêrby binne de evaluaasjemominten healweis en oan de ein fan de fiifjierrige BFTK-perioade belangryk. By dy evaluaasjes moat goed nei it fjild harke wurde, wat betsjut dat Ryk en provinsje oanienwei yn kontakt mei-inoar en mei dat fjild bliuwe moatte.
Eins is de BFTK diel fan in rûtekaart nei 2030, sa seit DINGtiid. Yn it tiidpaad oant 2030 falle trije BFTK-perioaden. De kommende BFTK set de doelen en leit de koers foar de earste etappe út. Yn de BFTK-perioade dêrnei (2024-2028) kin de koers bystjoerd wurde as dat foar de ambysjes nedich is; mei dy ferbetterslach kin fuort yn 2019 al úteinset wurde. Yn de tredde BFTK (2029-2033) moatte de doelen dan yn konkrete ôfspraken ferfette wêze.

Behâldend
DINGtiid wiist der fierder op dat de BFTK frijwat behâldend is as it oer media en kultuer giet. In BFTK soe in sterkere fyzje hawwe kinne op de wize dêr’t binnen dy terreinen nije spilers op stimulearre wurde kinne om har mei it Frysk dwaande te hâlden, en hoe’t mêden as kultuer, wittenskip, ûnderwiis en media oparbeidzje kinne om de Fryske taal fierder te bringen. Foar in part komt de behâldende toan fuort út it Europeesk Hânfêst, dat al in fearnsiuw lyn opsteld is en dêr’t de BFTK mei op basearre is. DINGtiid riedt de BFTK-partijen dan ek oan om te besjen oft parten fan dat Hânfêst net oan modernisearring ta binne.

Kennissektor
By de ambysjes foar it Frysk is ûnderwiis in krúsjale faktor. Alhoewol’t de BFTK mei it Taalplan Frysk konkrete stappen oankundiget om yn 2030 it Fryske ûnderwiis op peil te hawwen, is der wol noed oer de bredere kennisynfrastruktuer om de Fryske taal hinne, dêr’t goed ûnderwiis mei fan ôfhinget. Dy sektor is kwetsber. Sa is in universitêre oplieding Frysk foar de kommende fiif jier aldergelokst wol boarge, mar foar de langere termyn bliuwe dêr soargen oer. En ek de situaasje fan de Fryske Akademy is oanhâldend nuodlik. Boppedat is der noch te min gearhing yn it wurk fan de ynstituten dy’t har op akademysk nivo mei it Frysk en mei meartalich Fryslân dwaande hâlde. Sokke kwetsberens wurket op termyn troch yn it ûnderwiis sels, en hat ek ynfloed op ûnderwiisstypjende partijen lykas Cedin en SFBO. Dêrmei is it in probleem foar de takomst fan it Frysk. DINGtiid sil dêrom yn 2019 oanrikkemandaasjes dwaan oan de kennissektor en oan de belutsen oerheden, op basis fan in analyze fan it kennisfjild fan de Fryske taal.

Losse einen
Der binne noch in pear losse einen yn de BFTK. De bepalingen oer de Fryske Akademy en de rjochtspraak befetsje noch gjin konkrete doelen of ôfspraken; dy sille yn ’e rin fan 2019 folgje, is de ferwachting. Dêr sil DINGtiid dan apart noch oer advisearje.

desimber 15, 2018 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.