Presintaasje nij Frysk tydskrift

desimber 6, 2018 12:04

Saterdeimiddei 8 desimber wurdt de Fedde Schurerlêzing holden. By dy gelegenheid sil ek de De Nije presintearre wurde. Dat is in folslein Frysktalige glimmer (glossy). Fan moandei 10 desimber ôf leit dat tydskrift yn de winkel. De kostpriis is € 4,95.

De Nije is in tydskrift sa’t dat yn Fryslân net mear te keap is. It is in algemien tydskrift foar in breed publyk mei ûnderwerpen dy’t foar in grut part mei Fryslân te krijen ha, yn Fryslân spylje mar ek wer net altyd. Tink oan ûnderwerpen as iepenbier ferfier, hurdriden, it Waad, AquaZoo, enerzjy en nije boeken.

It is noch net dúdlik hoe’t it yn 2019 mei De Nije komt. Dizze earste kear is de folsleine ynhâld fan De Nije makke troch frijwilligers. De profesjonele opmaak en it printwurk binne dien troch Weissenbach yn Snits.

De Ried fan de Fryske Beweging hat aardich wat subsydzje beskikber steld. Dat koe foar ien kear. Dêrom hinget de takomst fan De Nije foar in grut part ôf fan de ûntfangst fan dit nul-nûmer.

Fedde Schurerlêzing en presintaasje binne yn Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert en begjinne om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf).
De tagong is fergees. 
Wol graach opjefte op info@tresoar.nl of 058 – 789 07 89.

desimber 6, 2018 12:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Arjen Dykstra desimber 8, 13:33

    De stipers fan Ried fan de Fryske Beweging krije him oare wike tastoert, haw ik begrepen. Dat is moai.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*