“Praat ûnderling safolle Iersk as jim wolle, mar net tsjin ús!”

desimber 23, 2018 15:20

Yn de Gaeltacht binne de buorden faak ientalich Iersk

Yn ‘e Fryske polityk is it wilens deagewoan dat elk syn eigen taal brûkt: yn gemeenterieden en yn Provinsjale Steaten wurde Frysk en Hollânsk fleurich trochinoar hinne brûkt. Dat hat wol oars west. Bekend is de anekdoate dat komsaris fan ‘e keninginne Pieter van Harinxma thoe Slooten begjin fan ‘e tweintichste ieu tsjin in Steatelid dat Frysk prate sein hie: “We hewwe hier altied Nederlands sproken en daar gaan we gewoan met deur.”

Yn Ierlân is de twataligens formeel goed regele, mar yn ‘e praktyk is de polityk benammen Ingelsktalich. Dat jildt sels foar de Gaeltacht, in stikmannich gebieten dêr’t de mearderheid fan de befolking Iersk praat en dêr’t it Iersk formeel de earste taal fan de oerheid is.

In man dy’t it Iersk fan syn janpoepsplak ôf krije wol en dêrby in protte wjerstân ûnderfynt, is Mícheal Choilm Mac Giolla Easbuig. Fiif jier lyn hat de Iersktalige folksfertsjingwurdiging yn de greefskipsrie fan Dún na nGall / Donegal him foarnommen en ferbrek him net mear.

Hoewol’t er dêr alle rjocht ta hat, fernaam Mac Giolla Easbuig dat syn kollega’s dat net wend wiene. Hy krige geregeld ferfelende reaksjes. Ferline wike naam it Ierskpratende gemeenteriedslid it wurd yn in gearkomste fan de kommisje folkshúsfesting fan it greefskip. Hy waard ferskate kearen troch oare gemeenteriedsleden ûnderbrutsen. Hja easken dat er Ingelsk prate soe. Hja seine dat er de “de gearkomste fersteurde”. Earder hiene Ingelsktalige folksfertsjintwurdigers harren kollega’s al oproppen om alles wat Mac Giolla Easbuig sei te skouderjen.

Mac Giolla Easbuig seit dat sels de Iersktalige gemeenteriedsleden altyd Ingelsk prate yn ‘e greefskipsriedsgearkomsten en dat net ien fan harren him stipe. It riedslid seit sels: “It is no desimber 2018, dit jier stie offisjeel yn it ramt fan de Ierske taal en regionale oerheden binne oeral dwaande mei it ynfieren fan in eigen taalbelied. It is ek fiif jier lyn dat de taalkomsaris Seán Ó Cuirreáin, dien naam fanwegen de hypokrite hâlding fan de oerheid wat it Iersk oanbelanget. De hâlding fan de greefskipsrie en de politike partijen litte sjen dat der neat feroare is. De oerheid fan Ierlân seit noch hieltyd tsjin de Gaeltacht: praat ûnderling safolle Iersk as jim wolle, mar helje it net yn ‘e holle om it tsjin ús te praten.”

Mac Giolla Easbuig ropt folksfertsjintwurdigers yn Ierlân op om safolle mooglik Iersk te praten om de steat te twingen syn ferplichtings nei te kommen.

desimber 23, 2018 15:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob desimber 24, 16:42

    Ik haw mei Ierske kollega’s wurke en hja seine dat it Iersk foar har as Latin wie. Op skoalle moat it leart wurde, mar in simpel petear is foar hast gjinien in opsje. It is de muoite net wurdich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.