Portret fan Eppie Dam

desimber 1, 2018 09:06

Portret Eppie Dam makke troch Gerrit Terpstra yn opdracht fan Tresoar

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen. Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.

It portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners. Al dy moaie keunst is meastentiids te besjen as Tresoar iepen is.

Sjoch ek op de webside fan Tresoar.

desimber 1, 2018 09:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frommiske desimber 1, 18:48

    Ik mei it wol lije

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*