Petysje docht fuort al fertuten: ChristenUnie wol twatalige plysjeweinen

desimber 18, 2018 13:35

It oanbieden fan de petysje oan de Keamerleden

Fan ’e middei healwei twaen hat de Ried fan de Fryske Beweging yn De Haach in petysje oanbean oan de fêste kommisje foar Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn de Twadde Keamer. De petysje opsteld nei oanlieding fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2019-2023. Dy is op 30 novimber koartlyn ûndertekene troch minister Kajsa Ollongren (Ynlânske Saken) en kommissaris fan de Koning Arno Brok.

Fan ’t simmer hie de Ried de Provinsje in skaad-BFTK takomme litten. Mei de petysje fan hjoed wol de Ried oanjaan dat it Frysk yn de nije BFTK noch te min yn syn eigen taalgebiet as lykweardige en lykberjochtige taal behannele wurdt. De petysje is ek oan de provinsje Fryslân oanbean. Klik op Petysje Ried fan de Fryske Beweging – 2018-12-18 om him te lêzen.

OANFOLLING:
De Ljouwerter Krante meldt in moaie bykomstichheid fan it oanbieden fan de petysje. Ferskate Twadde Keamerleden seine nammentlik dat hja der foarstanner fan wiene dat it ientalige opskrift politie op Fryske plysjeweinen ferfongen wurde soe troch in twatalich politie / plysje. Stienke van der Graaf fan ‘e ChristenUnie sil it ûnderwerp yn ‘e Twadde Keamer op it aljemint bringe, hat hja tasein. Klik hjir foar it berjocht deroer yn de Ljouwerter.

desimber 18, 2018 13:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. N.M. Postema desimber 19, 17:54

    Yn België stiet op de plysjeweinen yn Flaenderen: Politie,
    op dy yn Wallonië: Police en op de plysjeweinen yn de Dútsktalige Oostkantons stiet: Polizei ! It is allegearre
    ientalich. Wy kinne fan de Belgen ek noch wol hwat leare.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.