Peallefoto Akkrum by tsien bêste Boufoto’s

desimber 8, 2018 09:36

In foto fan houten peallen as bermfersteviging by de Leppedyk yn Akkrum is nominearre foar de wedstriid Boufoto fan it Jier 2018 fan it faktydskrift Cobouw. De foto is fan Alex J. de Haan fan Persbureau Noordoost op It Hearrenfean. Hy ferivige kraanmasinist Albert Rodenburg, dy’t de meterslange houten peallen yn de sêfte feanboaiem drukte.

Foto: Alex J. de Haan/Persbureau Noordoost

De redaksje fan Cobouw keas yn totaal tsien foto’s út foar de kriich, dy’t in oantal jierren net holden is. Persbureau Noordoost wûn yn 2009 en 2011 al de priis foar de Bêste Boufoto fan dy jierren. It gie om in foto fan it heien fan 8.500 peallen yn Kampen en de foto makke fan in kraan ôf op 120 meter hichte by it DUO-gebou yn Grins.

Nominaasjes wiene der yn 2013 foar in bysûnder foarmjûne gevel fan it Alfacollege yn Grins en yn 2014 fan renovaasjewurksumheden oan in atletykbaan op It Hearrenfean en de realisaasje fan in nije kaaimuorre fan de Beatrixhaven yn Eemshaven.

Op de bysûndere foto fan de rige peallen by de Leppedyk yn Akkrum lâns kin de kommende wiken noch stimd wurde. Bring jo stim út op de webside fan Cobouw.

desimber 8, 2018 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*