Oersetwedstriid

desimber 28, 2018 08:37

Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd is in oersetwedstryd opnommen fan it liet “In the big rock candy mountains”. Dy countrysong giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Nei de súksesfilm fan de bruorren Joel en Ethan Coen ‘O Brother Where Are Thou’ út 2000 is it yn ferskate ferzjes op YouTube te finen. Yn de film wurdt it songen troch McClintock sels.

Oersettingen moatte foar 31 jannewaris 2019 stjoerd wurde oan ynfo@fryskebeweging.frl. De haadpriis is in Harmonie teaterbon fan € 150,00. Dêrneist binne der fiif cd’s mei muzyk út de film as treastpriis beskikber. De priisútrikking is op in sneintemiddei yn maart mei muzyk en yn in passende lokaasje.

Sjoch foar de tekst en mear ynformaasje De Nije. Foar € 4,95 hast rûnom te keap.

desimber 28, 2018 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.