Oer de regearingskrisis yn it Belzelân

desimber 9, 2018 15:05

De ministers fan de Flaamske partij N-VA binne út it Belgyske regear stapt. De Belgyske kening Filip hat harren sneintemoarn fan harren funksje ûntheft. De liberale en kristen-demokratyske regearingspartijen hawwe no gjin mearderheid mear yn it Belgyske parlemint.

Reden foar de stap is it beslút fan ’e Belgyske premier Charles Michel om it ferdrach fan Marrakesj te ûnderskriuwen. Dat is in ferdrach dêr’t regearen yn tasizze oan flechtlingen beskate rjochten ta te kennen. Hoewol’t it ferdrach gjin binende wet is, is de N-VA bang dat rjochters en ynternasjonale organisaasjes wat deryn stiet wol brûke sille om ynfloed út te oefenjen op de ymmigraasjepolityk fan it Belzelân. Dat soe derfoar soargje, neffens de N-VA, dat België net langer in eigen ymmigraasjepolityk fiere kin.

De N-VA hat al in skoft beswier tsjin it ferdrach fan Marrakesj. De N-VA-ministers hawwe dat al earder sein. Dat Charles Michel it ferdrach dochs ûnderskriuwe wol, koe der foar N-VA-foaroanman Bart de Wever net op troch. Ferline wike woene de N-VA-ministers harren ûnthâlde fan stimming oer it ferdrach. Dêr gie premier Michel net mei akkoart. Dêrom dielde de N-VA sneontejûn mei dat it ûnderskriuwen fan in ferdrach troch Michel derta liede soe dat de N-VA út de koälysje stappe soe.

It grutste beswier fan de N-VA tsjin it ferdrach fan Marrakesj is neffens De Wever dat der ûnder de Belgyske befolking grutte wjerstân tsjin bestean soe. Op ynhâldlik nivo is de N-VA it der net mei iens dat it flechtlingen rjocht jout op ‘basisfoarsjennings’, sûnder dat dúdlik fêstlein is wat dat binne. Dat ymmigraasje allinne mar posityf foarsteld wurdt, sûnder dat der op de problemen yngien wurdt, is foar de partij ek net akseptablel.

Trochdat opposysjepartijen wol foarstanner binne fan it ferdrach, is der wol in mearderheid yn it parlemint. De Wever konstatearret dat de regearingspartijen blykber leaver mei oaren oparbeidzje wolle. Oft it minderheidsregear it lang folhâldt, is net dúdlik. Steatssekretarissen fan de sittende regearingspartijen nimme op it stuit de taak fan de opstapte N-VA-ministers oer. De betûfte liberale politika Maggie de Block nimt de ministerspost fan asyl en migraasje fan N-VA-minister Theo Francken oer. Dy syn belied om net mear as fyftich asyloanfragen deis te behanneljen hat hja fuortendaliks feroare.

desimber 9, 2018 15:05
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe desimber 9, 15:34

    Wêrom dielt ItNijs ús it stânpunt fan de N-VA wol yn trije alinea’s mei, mar gjin wurd oer de fisy fan de oare partijen?

  2. Vera desimber 9, 18:08

    Faaks om’t gjin NepNijs meidiele te hoegen?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.