Nulnûmer nij Frysk tydskrift

desimber 18, 2018 12:58

De Ried fan de Fryske Beweging soe wolle dat der in algemien Frysktalich tydskrift bestiet. Net in blêd dat inkeld mar oer bewegings- en taalsaken giet, mar in soarte fan glossy mei artikels en berjochten dy’t nijsgjirrich binne foar in soad lêzers. De Ried hat no sels de foarstap nommen en meitsje in nulnûmer, in foarbyld fan wat de bedoeling is. Dat foarbyld hat De Nije as titel krige, mei as ûndertitel Frysk Nijsblêd. It Nijs hat dêr al oer berjochte: it is presintearre by gelegenheid fan de Fedde Schurerlêzing op 8 desimber koartlyn.

De Nije is in blêd fan 64 siden, prachtich opmakke wat tekst en yllustraasjes oangiet en printe op moai glimmend, stevich papier. In ‘glimmer’ dus, net wat om ôf te dwaan mei “dat bledsje fan de Fryske beweging”, mar in profesjonele útjefte dy’t útnûget om besjoen en lêzen te wurden.

Wat deryn stiet is de muoite fan it lêzen mear as wurdich. Om mar ris wat te neamen: nijsgjirrige en yngeande ynterviews mei Lutz Jacoby, as direkteur fan de Waadferiening, mei Jappie van Dijk en Henk Hospes fan Thialf op it Hearrenfean, mei Pier Eringa, de grutte baas fan ProRail yn Utert, mei Geert Nauta oer syn ferhalebondel In soarte fan bûgjen en mei Gerrit Breteler en Anke Bijlsma fan Ach, Mea Culpa yn Nes. Stik foar stik prima petearen en noflik om te lêzen.

Folle grutter is it tal ûnderwerpen dêr’t soms koarte, soms langere stikken oan wijd binne. De opsomming fan de langere artikels jout in yndruk fan it ferskaat fan ûnderwerpen. Se geane oar taalferoaring (Eric Hoekstra en Arjen Versloot), oer de Afûk (Alex de Jager), oer genealogy (Jabik van der Bij), oer hoe’t in Iraanske studinte har stúdzjeferbliuw yn Fryslân belibbe, oer wolfeart en enerzjyferbrûk (Jacob Klimstra), oer de Fryske literêre útjeften yn 2018 (Aant Mulder) en oer de geheimen fan de natuer (Ytsen Kooistra). Allegearre tige nijsgjirrich.

Fan de koartere, faak net ûndertekene, stikken hawwe guon alris as berjocht, artikel of kollum op It Nijs te lêzen west, mar se sjogge der op papier en yllustrearre safolle moaier út dat se jin opnij meinimme. Se jouwe ek de susterbân fan De Nije mei It Nijs oan. De twamansredaksje, Pier Bergsma en Aant Mulder, hat in knappe seleksje makke fan stikjes dy’t noflik te lêzen binne, dy’t humoristysk binne – soms mei wat nocht oan ûnnocht – en dy’t foar in moaie ôfwikseling soargje mei de wat langere en soms wat dregere stikken. Der binne ek stikken spesjaal foar dit nûmer skreaun lykas dy fan Henk Bloemhof ,‘Stellingwarfs nationaol erkend’, en Jan de Groot, ‘Bildts Aigene altyd in de weer met de Bildtse taal en history’. Twa oare sprekkers fan minderheidstalen, Bahne Bahnsen út Noard-Fryslân en Olga Martens, dy’t yn Moskou by de Dútsktalige minderheid heart, ferhelje oer harren besite oan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Dy stikken kinne wy yn ús Westerlauwerske Frysk lêze.

Op side 47 stiet in oersetwedstriid oankundige. Lêzers fine dêr de tekst fan de country song ‘In the Big Rock Candy Mountains’. Wa’t dêr foar 31 jannewaris 2019 in Fryske oersetting fan ynstjoert, makket gading oan de haadpriis, in Harmonie teaterbon fan € 150,00 of in treastpriis. Wurdt dat net in moaie tiidfolling foar de liddige dagen fan ein desimber-begjin jannewaris?

Alle hulde oan de frijwillige tekstskriuwers, fotografen en redaksje en foar de profesjonele opmaak troch printerij Weissenbach yn Snits!

De Nije is foar € 4,95 te keap yn de boekhannel. As bliken docht dat it blêd ta de kategory rôversguod heart, dan makket it kâns op in fuortbestean as profesjoneel tydskrift dêr’t men jin op abonnearje kin. Mar krektoarsom is ek mooglik. Dat soe wol spitich wêze!

Jan Breimer

 

 

desimber 18, 2018 12:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.