Nijjierskonsert yn Museum Belvédere

desimber 23, 2018 10:12

Snein 20 jannewaris 2019, oanfang 11.00 oere

Op 20 jannewaris is der wer in Nijjierskonsert yn it Museumkafee fan Museum Belvédere, yn gearwurking mei de stifting Heerenveense Kunstkring. It konsert duorret in oere en biedt de gelegenheid om inoar in ‘lokkich nijjier’ te winskjen.

BRISK (foto: Foppe Schut)

De kaartferkeap ferrint fia de kassa fan Museum Belvédère en fia de webside. Eardere edysjes fan it Nijjierskonsert wiene útferkocht, dus om teloarstelling foar te kommen is it oan te rieden om kaartsjes fan tefoaren te keapjen. De tagongspriis is € 18,50, foar Freonen fan it Museum € 16,-. Besikers o/m 25 jier betelje € 10,00, oant tolve jier is it fergees. By de priis is btw, museumyntree, kofje en in drankje ynbegrepen.

Ynformaasje oer de musisy:
Fariaasje yn styl en sfear, firtuositeit en luchtichheid – dat binne de yngrediïnten foar in konsert fan it projesjonele BRISK Recorder Quartet Amsterdam. BRISK betsjut libben en wekker. It kwartet ferskynt altyd op it poadium mei in enoarme samling blokfluiten. Sûnt de oprjochting yn 1986 joech BRISK ferskate konserten op poadia en festivals fan namme yn Europeeske lannen, Kanada en de Feriene Steaten. BRISK makke opnamen foar radio en telefyzje yn Nederlân en yn it bûtenlân, en is op mear as tsien cd’s te beharkjen. Mei in programmearring fan âlde en hjoeddeiske muzyk ferkent it ensemble de grinzen fan it repertoire. BRISK wurket geregeld gear mei kollega-musisy, en ek mei keunstners út oare dissiplines lykas akteurs, regisseurs, tekstskriuwers en filmers. Yn febrewaris 2018 brochten sy in nije cd út ûnder it label Globe Records mei de titel Canção: Music from the Iberian Peninsul.

Sjoch ek: www.brisk.nl | www.museumbelvedere.nl.

Fanwege it Nijjierskonsert sil it museum op snein 20 jannewaris pas fan 13.00 oere ôf iepen wêze foar reguliere besikers. Elkenien is fan herte wolkom.

desimber 23, 2018 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.