Nije dichtbondel Harm Woelinga: “De stilte ropt”

desimber 3, 2018 19:28

Nei in ‘dichterlike’ stilte fan acht jier hat Harm Woelinga út Feanwâlden syn tredde dichtbondel útbrocht. Yn de De stilte ropt beskriuwt er hoe’t er it libben opkriget nei’t de dea “de doar mei in klap efter him tichtlutsen hat”. Mar it skeinde blêd op de omslachfoto is noch grien genôch en lit de stilte fan de blauwe loft oer him hinne komme…

Direkte oanlieding foar it útbringen fan de bondel is it ferstjerren fan harren dochter Kristine (11 jier), yn 2004 oan leukemy. Sa’n tragysk foarfal lit djippe spoaren nei, mar de dichter siket “de leafde om nije paden yn te slaan”. Mei it útkommen fan de dichtbondel De stilte ropt krije syn eardere bondels De lêste tút (2009) en Taastber fier fuort (2010) in ferfolch.

De dea heart by it libben fan aldendei, mar hoe geane jo der mei om? Yn it earste skift ‘Nei de oare kant’ stiet de konfrontaasje mei de dea sintraal, mar lokkich hat it twadde skift “de maitiid hat in terraske fûn. Sjoch nei de natuer, hoe’t alles wer opgrienet…”

Harm Woelinga hat yn dizze bondel sa frij west om inkelde oarmans teksten en gedichten nei eigen hân te setten, bygelyks in bewurking fan ‘Ween niet’, dat foarlêzen waard by de útfeart fan de twa Belgyske famkes Julie en Mélissa (saak Dutroux).

Dat de natuer in wichtige boarne fan ynspiraasje is, sjocht men net allinnich oan de omslachfoto; yn it Bûtenfjild fielt Harm Woelinga dat ‘De stilte ropt’. Hy sjocht werom op syn eigen bernetiid, mar hat ek each foar immen “mei eagen fol fragen”.

It gehiel wurdt ôfwiksele mei wat luchtiger teksten, mei hjir en dêr in kwinkslach. Under it skift ‘De wite do’ is in tal gedichten ûnderbrocht dy’t alles te krijen ha mei de krysttiid en Ald en Nij.

De stilte ropt is wer yn eigen behear útjûn en te keap foar € 9,50 (54 gedichten). De skjinne winst is bestimd foar Kika (Stichting Kinderen Kankervrij). De boekjes binne te keap by de dichter sels: bestelle fia h.woelinga@planet.nl, mar ek by û.o.: Vergeet-mij-nietje yn Feanwâlden en Boekhandel Burgum, Jousma Primera De Westereen, The Read Shop Dokkum.

desimber 3, 2018 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*