Nij digitaal wurdspultsje, ek yn it Frysk

desimber 21, 2018 16:18

Der is in nij wurdspul útbrocht. It hjit Word Tango en it is yn acht talen te spyljen: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Deensk, Yslânsk, Faeröersk, Welshk en Cornish.

De spulregels binne oantreklik en ienfâldich. Men sjocht wurden dêr’t letters yn misse. It is de bedoeling om de ekstra letters dy’t derby jûn binne nei it goede plak te slepen en de wurden te meitsjen dy’t socht wurde.

It spul kin yn alle rêst spile wurde. Der is gjin tiidbeheining. It spul hat in ûneinich tal nivo’s. Der binne ekstra muntsjes te fertsjinjen en der kin gebrûk makke wurde fan oanwizingen as men fêstrint.

It spul is juster, 20 desimber útbrocht troch Smiling Cube Studios, in groepke Nederlânske ûntwikkelders yn Venlo. Dy binne fan doel om der yn 2019 noch mear as njoggentich talen en streektalen oan ta te foegjen.

Word Tango is fergees fan it ynternet te heljen:
de link fan Apple App Store is: https://itunes.apple.com/us/app/word-tango-find-the-words/id1441751300?l=nl&ls=1&mt=8

De link fan Google Play Store is: https://play.google.com/store/apps/details?id=com.smilingcube.wordtango

De fideotrailer yn it Nederlânsk is te sjen troch te klikken op: https://www.youtube.com/watch?v=_N2tKEwRoCs

Sûnt 2011 makket Smiling Cube Studios spultsjes foar iOS en Android. De ûntwikkelders sette yn op orizjinele spullen fan hege kwaliteit en altyd mei in edukatyf karakter.

 

desimber 21, 2018 16:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.