Nei it Krystkongres fan de Fryske studinten

desimber 29, 2018 15:25

Fuortdaliks nei it sympoasium op de earste kongresdei (sjoch https://www.itnijs.frl/2018/12/krystkongres-fryske-studinten-2018/) begûn de pykoere: in oere lang jilden alle drankjes in euro. Dêrtroch waard der grif bunkere foar de kommende oeren. It jûnsiten wie stamppot. Dat rekke grutdiels op troch de hongerige studinten.

Yn de kabaretkriich stride ferskate minsken fan de studinteferieningen troch in stikje kabaret om de winst. Dy waard wûn troch FFJ Bernlef. Twa leden namen op de wize fan de ‘Liwwadder blues’ it WSSFS en Bernlef yn ’e maling. It sil nea wat wurde ast in WSSFS’er of in Bernleffer bist.

Dêrnei wie it tiid foar Global Division. Dy band út Harns en omkriten wiksele covers mei syn eigen nûmers ôf. Yn it skoft waarden noch de bierkriich en dellekriich holden. By de iene moast der sa hurd mooglik bier dronken wurde en by de oare sa folle mooglik frikandellen iten wurde. It feest gie troch oant de lette oerkes.

De freeds wie der in wiidweidige brakke brunch. Dêrnei koe eltsenien syn eigen paad wer gean. In lyts groepke bleau yn de Bogt fen Guné benefter om it feest troch te setten.

De dielnimmers foar it Frjentsjerter stedhûs
Foto © Joachim de Ruijter

desimber 29, 2018 15:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.