NBE organisearret Open Ears – De Dei fan it Komponearjen

desimber 15, 2018 10:07

It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) organisearret snein 23 desimber Open Ears – De Dag van het Componeren yn TivoliVredenburg yn Utert.

Ofbylding: pixabay.com

Sintraal op de dei stiet de jonge komponist. Nei de feestlike iepening om 12.30 oere troch René Spierings fan Percossa binne der fan 13.00 oere ôf ferskate wurksjops dy’t te krijen ha mei it komponearjen op Plein 6. Lykas yn 15 minuten in (kryst)ferske skriuwe, mei-inoar de opmerklikste klanken kreëarje troch middel fan elektroanyske ynstruminten en ‘boomwhacken’, komposysjes meitsje mei plestik buizen (boomwackers) yn ferskate maten en kleuren. Der is in ynrinsprekoere by de komponeardokter en leden fan it jongNBE fersoargje de muzyk yn it skoft.

Tusken alle wurksjops en demonstraasjes troch is der gelegenheid om repetysjes fan de jonge komponisten by te wenjen, dy’t yn Hertz mei it NBE harren stikken oan it repetearjen binne foar de Finale fan de komposysjewedstriid.

Dy Finale foarmet it slotakkoard fan Open Ears: trettjin jonge komponisten stride tsjininoar foar in plak yn it Nijjierskonsert. Hja binne de winners fan de komposysjekriich ‘Op weg naar het Nieuwjaarsconcert’, dit jier mei it tema Adam & Eva en binne de crème de la crème fan jong komponearjend Nederlân. Trije fan harren sille keazen wurde om mei it NBE harren stik út te fieren by it Nijjierskonsert yn it Konsertgebou yn Amsterdam.

Sjoch op de webside fan NBE foar it programma. Tagong ta Plein 6 en de iepenbiere repetysjes is fergees. Kaarten foar de finale komposysjewedstriid binne foar € 19,- te keap by TivoliVredenburg.

desimber 15, 2018 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.