NASA’s Insight fangt lûd fan de wyn op Mars op

desimber 9, 2018 09:32

Insight (ôfbylding: NASA/JPL Caltech)

NASA’s Insight Marslâner, dy’t hast twa wike lyn op Mars oankaam, hat lûden fan de Martiaanske wyn opfongen op de Reade Planeet. De wyn blaasde tsjin de sinnepanielen fan de Marslâner oan en dêrtroch beweegde it hiele apparaat. Dy ynformaasje koe op ierde omset wurde nei in leech bromlûd, it lûd fan de wyn.

“De audio-opname wie eins tafallich”, sei Bruce Banerdt, NASA-ûndersiker yn Pasadena, Kalifornië. “Ien fan de ûnderdielen fan de misje is om beweging op Mars te mjitten, en fansels heart dêr ek beweging by dy’t feroarsake wurdt troch lûdweagen.”

Harkje hjirûnder nei it lûd. Om’t de toanen sa leech binne, binne dy it bêste fia in holletelefoan te beharkjen.

desimber 9, 2018 09:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric desimber 10, 08:11

    #Life_on_Mars
    Lûd fan de wyn of lûd fan in wyn?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.