Minister Ollongren: yn Fryslân is Fryskpraten in rjocht

desimber 2, 2018 09:12

Kommissaris Arno Brok (foto: Wikipedia/Wikiportrait Gemeente Dordrecht/CJW ter Linde – lisinsje ccbysa/GFDL)

Net ien moat him yn Fryslân ferbrekke hoege. “Iedereen die dat wil moet zich in Fryslân in het Fries kunnen uitdrukken.” Dat sei minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren freed by it ûnderskriuwen fan de nije bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. Dat is in dokumint dat alle fjouwer jier opsteld wurdt troch it ministearje fan ynlânske saken en it provinsjebestjoer fan Fryslân. It befettet in taakferdieling foar it útfieren fan it belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De taak fan it Ryk bestiet foar it grutste part út it jaan fan jild, wylst de útfiering benammen troch de provinsje dien wurdt.

De provinsje sil him de kommende fjouwer jier benammen dwaande hâlde mei it bewuster meitsjen fan de eigen taalkar fan de befolking. Sa moatte buorden yn ’e iepenbiere romte folle faker as no (ek) yn it Frysk wêze, krekt lykas oanmeldingslisten foar de ferkiezings. Boppedat sil de provinsje in meldpunt opsette foar gefallen fan taaldiskriminaasje. Wa’t him ferbrekke moat, kin dat dêr melde. De provinsje besiket der dan wat oan te dwaan. Fierders wol de provinsje dat alle skoalbern uterlik yn 2030 Fryske les krije op it wetlik ferplichte nivo. It Ryk betellet mei oan de learmiddels en de oplieding fan leararen. Fierders kriget ien fan ‘e deputearren fan de provinsje de funksje fan taalskipper. Dyselde moat tafersjoch hâlde op de útfiering fan it taalbelied. De provinsje moat der ek foar soargje dat amtners dy’t mei publyk te krijen hawwe, Frysk ferstean kinne. Yn it ferline barde it wolris dat der by de plysje of by alaarmsintral 112 minsken oan ’e telefoan sieten dy’t it Frysk net begriepen.

Ien fan de taken fan it Ryk is it beteljen fan de heechlearaar Frysk en syn ûndersikers oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dat bliuwt de kommende fjouwer jier ek sa. Op it stuit is de learstoel yn de hannen fan perfester Goffe Jensma. Hy is lykwols in heechlearaar sûnder stúdzje Frysk. Dy is yn 2013 opheft. Studinten yn Grins kinne no allinne noch in karûnderdiel fan de Ingelsktalige bachelorstúdzje Minorities and Multilingualism brûke om har yn de frisistyk te ferdjipjen. Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert biedt noch wol in folsleine bachelor- en masterstúdzje Frysk oan. Dy wurdt foar in part troch de provinsje betelle.

Minister Ollongren sei dat it praten fan de taal fan it gebiet dêr’t men thús is, wichtich is foar in gefoel fan “geborgenheid, veiligheid, rust en kalmte”. Kommissaris fan de Kening Arno Brok neamde it brûken fan it Frysk yn Fryslân “in fûneminteel rjocht” en “gjin aardichheidsje”.

Yn de Bestjoersôfspraak sizze Ryk en provinsje ta dat se mei-inoar oerlizze sille oer mooglikheden om de Fryske Akademy oerein te hâlden. Dy organisaasje hat it al jierren finansjeel dreech. De gemeenten dy’t op 1 jannewaris fusearje ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân ûnderskreaune freed ek in oerienkomst om it Frysk as bestjoerstaal net efterútbuorkje te litten.

desimber 2, 2018 09:12
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe desimber 2, 15:02

    Watfoar konsekwinsjes hat de bestjoersôfspraak foar de posysje fan it Frysk oan de RUG? It berjocht makket melding fan it bestean fan Jensma c.s. mar wêrom, dat wurdt net dúdlik?

  2. Abe desimber 2, 18:44

    Tank foar de oanpassing. Spitich dat de nije bestjoersôfspraak net fierder giet as it op ‘e nij finansierjen fan de besteande tastân. De Fryske kultuer is yn 2013 ûntholle mei de opheffing fan in folsleine stúdzje Frysk oan de RUG; it doel soe wêze moatte om wat der no is wer stadichoan út te bouwen. Dêr is it foar noadich dat der yn Fryslân fraach komt nei kwalifisearre personeel (funksje-easken dus). Foar de FNP soe ien en oar in belangryk ferkiezings-item wurde moatte (leafst tusken no en maart).

  3. Douwe desimber 2, 23:35

    Folslein mei iens. En lit dan ek de skuollen al yn 2020 oan de easken foar Frysk ûnderwiis foldwaan, oars is der wer in generaasje ferlern.

  4. Abe desimber 3, 12:05

    Utspraken lykas ‘Yn Fryslân is Frysk praten in rjocht’, sûnder in belied dat derfoar soarget dat de minsken ek Frysk prate kinne, betsjutte hielendal neat. Jo, Fryske minske, binne frij yn it brûken fan jo taal mar wy jouwe jo en jo bern en jo bernsbern der gjin les yn hear. Wy hawwe it ,,rjocht” om Frysk te praten mar it ûnderwiis is krekt yn 2030 op oarder. It nijste adfys fan Dingtiid is wat dat oanbelanget moai op it steand belied fan Poepjes tasnijd. Skoallen dy’t it better dogge mei it Frysk mear jild jaan? Hoesa, wy hiene it hjir dochs oer in rjocht? Dan moatte alle skoallen it dochs ,,better dwaan” mei it Frysk? It trajekt nei 2030 ta sil op dizze wize útdraaie op etnisearring fan it Frysk ûnderwiis: yn in pear doarpen en plattelânskriten docht men der wat oan, en yn de rest fan de provinsje hoecht nimmen him der drok oer te meitsjen. Dat is de aginda fan Poepjes, de minister en fan Dingtiid. En jim sitte hjir te ouwehoeren oer Swarte Pyt. Hienen de ferpressers it better treffe kind?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*