Mei Omrop Fryslân de operaasjekeamer fan it MCL yn

desimber 20, 2018 15:18

ôfbylding: fan Omrop Fryslân

Omrop Fryslân nimt yn de rige ‘In Iepen hert’ sjoggers mei nei de OK fan Hartcentrum Friesland ûnder in hertoperaasje. It sintrum, dat ûnderdiel is fan it MCL, heart by de bêste hertsintra fan Nederlân. Reden genôch om ris te sjen wêr’t dy titel mei fertsjinne is. Yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed is fan 7 jannewaris ôf in rige te sjen dêr’t pasjint Klaas van der Meer by folge is; fan it earste petear oant en mei de hertoperaasje.

Yn fjouwer ôfleveringen wurdt de sjogger troch de eagen fan de pasjint, de sjirurch en de ferpleechkundige meinommen yn it proses fan de operaasje.

Net bang oanlein
Klaas van der Meer is 85 jier en komt út Menaam. “Ik bin net bang oanlein. It moat barre en it sil fêst goedkomme”, sei er foardat er yn novimber oan it hert operearre waard. Hy is der al in pear kear earder oan operearre; hy is dottere en hat fjouwer stents krige. Van der Meer Klaas is in echte nochtere Fries en seach dit kear ek hielendal net tsjin de operaasje op. Syn frou, Baukje, hie der mear lêst fan. “It is in hiele yngreep, want it hiele boarst moat iepen. Wy witte dan ek net hoe’t Klaas út de operaasje komt.”

Ferkearde diagnoaze
De man dy’t it hert fan Van der Meer letterlik yn ‘e hannen hat, is sjirurch John Bol Raap. Foarôfgeand oan de operaasje treft er him mear as ien kear. “Ik wol witte watfoar persoan ik yn ’e hannen haw en moat derfan oertsjûge wêze dat er de operaasje oankin.” Bol Raap is al tweintich jier spesjalist foar de boarstkas en wurket sûnt twa jier by it MCL. De motivaasje foar syn berop wie der al doe’t er noch mar njoggen jier wie. “Dat lei oan ús heit. Dy hat in ferkearde diagnoaze krige en dat hat in soad impact op him hân, mar ek op ús as gesin. Dat wie in ferskriklike situaasje en fan doe ôf hie ik de gedachte: dat wol ik by oaren te foaren komme.”

In goed wurkjende keten
In operaasje docht Bol Raap net allinnich. “De hiele keat moat goed wêze. Net allinnich de sjirurch, mar ek de ferpleging, intensive care, de anestesy. Elkenien hat syn eigen rol en dat wurket allinnich as we inoar allegearre oansprekke kinne op mominten dat it minder goed giet.” Dêrom folget Fryslân Hjoed ek Eelkje Strikwerda. As ferpleechkundige is sy in soarte fan regisseur fan de soarch foar in pasjint. Wat de pasjint oan soarch nedich hat, wat dan ek, regelet sy. Yn july ferline jier is se ôfstudearre. “En fan it begjin ôf hat it hert letterlik myn hert krige. It is sa’n wichtich orgaan, dat yn ferbining stiet mei it hiele lichem. Dat fyn ik sa bysûnder.”

‘In Iepen hert’ yn Fryslân Hjoed:
De rige ‘In Iepen hert’ is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.

desimber 20, 2018 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.