Meartaligens is net min, taal is goed

desimber 9, 2018 17:26

Dat meartaligens gjin neidiel is, mar folle earder in foardiel, is yn Fryslân al lang bekend. Hoe kin it dan dat meartalige learlingen it op skoalle gauris minder goed dogge as ientalige? Yn Flaanderen hawwe allochtoane en Frânsktalige learlingen in efterstân fan likernôch twa jier op Nederlânsktalige learlingen. Sosjolooch perfester Orhan Ağırdağ fan de universiteit fan Leuven leit út dat dat te krijen hat mei hoe’t der mei de talen omgien wurdt. Hy wiist derop dat it wichtich is dat learlingen lêze, yn hokker taal oft dat ek is. It probleem is dat in protte minne learlingen thús gjin boeken, kranten of tydskriften lêze. Fierder wiist er derop dat it leechlizzen fan de thústaal derfoar soarget dat learlingen har skamje, wat negatyf is foar de learprestaasjes.

Yn it ûndersteande kolleezje leit Orhan Ağırdağ wiidweidich út hoe’t ûnderwizers meartalige learlingen helpe kinne om better te wurden op skoalle.

desimber 9, 2018 17:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.