Marrit Leenstra wint provinsjale sportoeuvrepriis

desimber 15, 2018 15:26

foto: Provinsje Fryslân

Reedrydster Marrit Leenstra hat fan deputearre Michiel Schrier de provinsjale sportoeuvrepriis krige. Se krige by de live-útstjoering Sportmominten 2018 fan Omrop Fryslân op 14 desimber it byld fan in sporter yn oerwinningshâlding. Dat is makke troch Hans Jouta. De tsien moaiste Fryske sportmominten fan 2018 waarden yn deselde útstjoering bekend makke.

Marrit Leenstra (Wikel, 10 maaie 1989) wie in langebaanreedrydster. Se wûn op de Olympyske Spullen fan 2014 yn Sotsji goud op de ploege-efterfolging mei Ireen Wüst, Jorien ter Mors en Lotte van Beek. Fjouwer jier letter kaam dêr yn PyeongChang sulver op de ploege-efterfolging by en in yndividuele brûnzen medalje op de 1500 meter. Se wûn ek ferskate Nederlânske titels en World Cups. Yn ’e simmer fan 2018 kundige se har ôfskied fan de topsport oan. Se sil har dwaande hâlde mei har stúdzje Geo Information Science.

De sportoeuvrepriis waard takend troch in sjuery, besteande út Wiebe Wieling (foarsitter Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden), Renze Lolkema (sportsjoernalist Leeuwarder Courant), Roelof de Vries (sportsjoernalist Omrop Fryslân), Anne Jochem de Vries en Martine van der Kloet (Sport Fryslân).

De provinsjale sportoeuvrepriis wurdt sûnt 2010 útrikt. Fóár dat jier waard de provinsjale sportwikselpriis útrikt. De earste winner fan dy priis wie Atsje Keulen-Deelstra yn 1974.

desimber 15, 2018 15:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.