Lytse talen wurde it slachtoffer fan de Brútstap

desimber 13, 2018 15:00

De Brútstap of Brexit hat in protte gefolgen, sawol foar de Britten as foar oare EU-boargers. Dy krije in soad omtinken yn ‘e media. Ien groep komt wat dat oangiet oan ‘e krapperein. Dat binne de ynwenners fan it Feriene Keninkryk dy’t in lytse taal sa as Welsk, Iersk, Skotsk, Gaelic of Kornysk prate.

De Brútstap hat foar dy lytse talen frijwat gefolgen, sa seit ELEN, in ynternasjonale organisaasje dy’t opkomt foar minderheidstalen yn Europa. Yn ELEN arbeidzje 150 organisaasjes út 23 Europeeske lannen mei-inoar op. It haadkantoar sit yn it Bretonske Carhaix/Karaez.

Neffens ELEN is de Brútstap “in ramp”. De organisaasje wiist derop dat it belied foar de lytse talen yn it Feriene Keninkryk foar in grut part mei Europeesk jild betelle wurdt. Projekten foar taalbehâld en -befoardering wurde betelle út de Europeeske fûnsen Erasmus Plus, Creative Europe en Horizon 2020. Fierders wiist ELEN derop dat de regio’s dêr’t de lytse talen praat wurde te krijen hawwe mei it fuortgean fan de sprekkers, om’t der yn de regio’s amper wurk te finen is. Fia it Europeesk Sosjaal Fûns en de Europeeske fûnsen Interreg, Growth, LEADER en EAFRD wurdt wurkgelegenheid skepen, dy’t ek bydraacht oan it behâld fan bygelyks it Gaelic en Welsk. De lânbousubsydzjes dy’t fan Europa nei de lytsetaalregio’s ta geane, hawwe in ferlykbere funksje.

Fierders wiist ELEN derop dat it taalbelied yn Grut-Brittannië de ôfrûne fjirtich jier in soad te tankjen hat oan ideeën dy’t troch útwiksels en ynternasjonale kontakten opdien waardem fan taalorganisaasjes yn oare lannen. Dy mooglikheden falle foar in grut fuort. Boppedat hawwe krekt de plattelânsregio’s dêr’t de lytse talen it meast praat wurde, neffens ELEN nei it sluten fan de hannelsgrinzen lêst fan de beheinde mooglikheden om fleis en lânbouprodukten te ferkeapjen. Dat jildt tige sterk foar Noard-Ierlân, dêr’t de eksport nei Ierlân ta hiel wichtich is foar de lokale ekonomy.

By eintsjebeslút betsjut de Brútstap neffens ELEN dat de praters fan lytse talen yn it Feriene Keninkryk harren tenei net mear beroppe kinne op Europeeske ferdraggen lykas it ferdrach fan Lissabon en it Europeesk hânfêst foar grûnrjochten. ELEN ropt Grut-Brittannië dan ek op om de Brútstap net troch te setten.

It parseberjocht fan ELEN is hjir te finen: tekst.

desimber 13, 2018 15:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric desimber 14, 07:54

    Ja, sûnder de EU soe it Frysk ek al lang útstoarn wêze!

  2. Johannes desimber 15, 12:03

    Eric, 200 jier lyn waard der al oer praten dat Frysk útstjerre soe en sjoch dêr, it libbet noch. En yn dizze tiden binne der safolle mei it Frysk dwaande, dat it bliuwt wis wol noch in tiid yn Fryslân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.