Ljouwerter Bachferiening mei marimba en oargel

desimber 12, 2018 07:56

Op 23 desimber jout de Ljouwerter Bachferiening ûnder lieding fan Geke Bruining-Visser in konsert. Op it programma steane komposysjes fan renêssânse oant hjoed-de-dei, dy’t mei-inoar in prachtige tarieding foarmje op it krystfeest.

‘Komm Jesu, komm’, it dûbelkoarige motet BWV 229 fan Johann Sebastian Bach, past by de fjirde advintssnein, it ‘A solis cardine’ fan Geke Bruining en it ‘O Magnum Mysterium’ fan  Marcus Paus by it bertefeest fan Kristus. Beide lêstneamde wurken wurde yn Nederlân foar it earst songen.

Fierder wurde wurken songen fan John Tavener (‘The hymn to the Mother of God’), Josquin des Pres (‘Ave Maria’), Andrew Smith en T. L. de Victoria.

De ynstrumintale begelieding wurdt fersoarge troch Theo Jellema (oargel) en Coen Dijkstra (marimba), dy’t ek solistysk optrede.

It konsert op 23 desimber wurdt jûn yn de Grutte of Jakobinertsjerke en it begjint om 15.00 oere.

De tagongskaartsjes kostje €16,- oan de doar en € 14,- yn de foarferkeap by de koarleden û.o. Teake Posthuma (058 255 13 55) en fia concerten@leeuwarderbachvereniging.nl. Jongelju o/m 17 jier betelje € 5,- en bern o/m 12 jier neat.

www.leeuwarderbachvereniging.nl

desimber 12, 2018 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.