Live programma oer de moaiste Fryske sportmominten 2018

desimber 7, 2018 10:23 Fernijd

Wat wiene neffens it Fryske publyk de tsien moaiste sportmominten fan 2018? Yn it spesjale telefyzjeprogramma ‘Sportmominten 2018’ presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 14 desimber de populêrste sportmominten. Ut de tritich foarôf selektearre mominten hawwe it publyk en in sjuery de moaiste tsien keazen. Dy top 10 wurdt dan presintearre.

Oan tafel by presintator Arjen de Boer sitte fjouwer fan de nominearre sporters: reedrydster Marrit Leenstra, fuotbalster Sherida Spitse, skipper Douwe Visser en shorttracker Sjinkie Knegt. Mei-inoar sjogge sy nei de keazen favorite sportmominten. Se sjogge ek werom op harren eigen sportmomint.

Nominearre sporters
Yn totaal binne troch fakminsken fan Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Sport Fryslân tritich grappige, emosjonele, mar ek fertrietlike sportmominten selektearre. Watfoar sportmominten rekken it publyk en de sjuery it measte? Under oare it momint dat shorttrackster Suzanne Schulting tsjin alle ferwachtingen yn goud wûn op de Olympyske Spullen of it momint dat klupheld Martijn Barto nei sân seizoenen ôfskied naam fan syn SC Cambuur. Sa binne der noch 28 bysûndere sportmominten fan Fryske sporters dy’t kâns meitsje yn de top 10 te kommen.

Sportmominten 2018
It live-programma is op freed 14 desimber om 17.10 oere te sjen by Omrop Fryslân.

desimber 7, 2018 10:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*