‘Leaf, leaver, leafst’ fan Lotte Broersma op cd

desimber 5, 2018 08:09

It liet ‘Leaf, leaver, leafst’ (tekst: Sybe Joostema, muzyk: Stef Bos) is in universeel leafdesliet, dat as filmliet tsjinne by it filmdiel fan it teaterstik oer de grutte tsjerkebrân yn Minnertsgea (1947), De Bestimming, Leadjitter & Famke, 2018. De soan fan in leadjitter helpt yn it teaterstik sûnder betingst syn heit, nei’t dy ûnterjochte as skuldige foar de brân oanwiisd is. De man rekket troch in hege boete fan de rjochtbank alle sekerheden yn syn libben kwyt.

Ofbylding: Marista Records

Op syn beurt kriget de soan alle eare fan in jongfaam dy’t har respekt en leafde sûnder betingst besjongt yn it filmliet ‘Leaf, Leaver, Leafst’. Sa ûntstie dit opmerklike liet, dat los fan it teaterstik in eigen libben libbet, in liet fan alle tiden. It liet ‘Leaf, leaver, leafst’ jout it begryp leafde in ekstra diminsje, troch bygelyks de fraze ‘Do hast myn wurden troch, ek al wie ik in dichter, dan wie it dichtsjen om ’e nocht’. Hoe’t sy it boadskip ek ferpakke wol, de oar hat it dus al lang troch en hat de remeedzje foar safolle ûnbegryp, en sy ferklearret him dêrnei de leafde en wol der ûnderdiel fan wêze. Leafde fan twa kanten beljochte.

‘Leaf, Leaver, Leafst’ waard yn oktober 2018 opnaam yn de studio fan Sytse Broersma yn Reduzum en is 2 desimber útkaam op Marista Records.

Lotte Broersma
De 22-jierrige sjongeres Lotte Broersma út Reduzum komt út in muzikale húshâlding. Har heit Sytse Broersma is bekend as gitarist en lietsjesskriuwer fan de band De Kast. Mei him naam se it liet ‘Leaf, leaver, leafst’ op.

Lotte Broersma folge in muzykoplieding en foarmet mei Berend Riemersma it duo Lots of Beer. Hja sjongt dêrneist solo en mearstimmich by Palace of the Queen. Lotte is boppedat aktyf as (eftergrûn)sjongeres yn sawol de studio fan Sytse Broersma as de opnamestudio fan Nico Outhuyse. Neist yn solosang, is se ek te beharkjen op jingles en yn reklames. Har passy foar teatersang en -spul kaam ta utering by de Frysktalige teaterstikken Elk Sines en De Wylde Boerinne. Koartsein, oan poadiumûnderfining gjin gebrek. Lotte Broersma hat in sterk en waarm eigen stimlûd.

Klik hjir foar it beharkjen of delheljen fan it nûmer ‘Leaf, leaver, leafst’.

desimber 5, 2018 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*