Krystkongres Fryske studinten

desimber 26, 2018 22:35

De Bogt fen Guné (foto Wikipedia)

Duorsumens, technology en ynnovaasje, dat binne wurden dy’t by it tema hearre fan it 86ste Krystkongres dit jier. Op 27 en 28 desimber sil dat jierlikse evenemint wer organisearre wurde troch Fryske studinten yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer mei as tema ‘Ynnovaasje foar de nije Generaasje’.

De organisaasje motivearret it tema sa: “De titel stiet foar duorsume ynnovaasje, in tema dat hieltyd mear ynfloed hat op ús libben. Us doel is net om jim te twingen ta it iten fan tofu en quinoa, minder auto te riden of nea wer te fleanen. Nee, neat dêrfan. Wat wy wolle is jim ynspirearje yn de wrâld fan duorsume ynnovaasje troch jim trends sjen te litten dy’t op de merk spylje, jim kennis meitsje te litten mei lytse spilers op de merk en hokker stappen jimsels sette kinne om in idee ta útfiering te bringen.”

Op it sympoasium sille fiif minsken oan it wurd komme dy’t mei harren ûnderskate nije ideeën en technologyen graach in bydrage leverje wolle oan it duorsumer meitsje fan de wrâld. Trije minsken mei harren nije ideeën:

  • Catharinus Wierda, oprjochter fan ‘De Fryske’ hat duorsume tsiis,
  • Sybrand Metz wurke earst by Wetsus en no by Metalmembrames; hy hat by in soad ynnovative bedriuwen wurksum west,
  • Siebren Brouwer is technysk ynnovator yn de lânbou.

Fierder binne der ek twa minsken dy’t mear de oare kant besjogge:

  • Peter Postma ferstrekt subsydzjes oan nije start-ups en
  • Jan Gebrand Krol kin alles fertelle oer de trends dy’t spylje op it mêd fan duorsume ynnovaasje.

De jûn sil ôfsletten wurde mei live muzyk fan Global Division.

Boarne: Krystkongres Kommisje 2018

desimber 26, 2018 22:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.