Krystkongres Fryske studinten 2018

desimber 28, 2018 08:34

Iepening op it stedhûs;  © Joachim de Ruijter

FRJENTSJER Tongersdei 27 desimber is it krystkongres fan de Fryske studinte-organisaasjes, dat alle jierren yn de histoaryske akademystêd Frjentsjer holden wurdt, iepene mei de offisjele ûntfangst – mei gebak en kofje – yn de riedseal fan it stedhûs. Foarsitter fan de kongreskommisje Marten Hospes hjitte eltsenien wolkom. Dêrnei kaam boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke oan it wurd. Sy hie noch nea earder it kongres meimakke en fûn it in moaie tradysje. Oanslutend wie der in stêdskuier. De studinten waarden gewaar dat it damboerd doedestiids útfûn is troch de Frjentsjerter studinten. Se seagen ek it krukje fan Eise Eisinga, dat bewurke is troch syn studinten. Se hiene in stikje fan de poaten ôfseage. Eisinga moat doe sein hawwe: “Of de himel is fierder fuort, of de grûn is tichterby.” De kuier einige by de Bogt fen Guné foar it middeisbrochje.

De middeis waard it sympoasium mei it tema ‘Ynnovaasje foar de nije Generaasje’ holden. It waard iepene troch kommissaris sympoasium Marten Wytze Algra. Hy joech it wurd oan Peter Postma, âldlid fan FFJ Bernlef. Yn it koart brocht er de studinten algemiene kennis by oer duorsume ynnovaasje. Dêrnei krige Jan Gerbrand Krol it wurd. Hy ljochte de trends yn de duorsume ynnovaasje ta. Catharinus Wierda, âldlid fan WSSFS en oprjochter fan de start-up ‘De Fryske’ fertelde hokker stappen oft er naam om syn duorsume tsiismerk op te setten. Siebren Brouwer, technysk ynnovator, makket ferskate nije dingen mei de hân. Hy hat ûnder mear it planetarium fan Eise Eisinga mei syn studinten neimakke. Sybrand Metz is CTO by Metalmembrames. Hy hat foaral technyske ynnovative projekten en dêrtroch kontakten oer de hiele wrâld. As lêtste kaam Peter Postma wer oan it wurd. Hy is spesjalisearre yn it ferstrekken fan subsydzjes en hat dêr mear oer ferteld.

Sympoasium oer duorsumheid

Freed 28 desimber wurdt it kongres fuortset en ôfsletten.

Boarne: Krystkongres Kommisje 2018

desimber 28, 2018 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.