Krystfakânsje yn Natuermuseum Fryslân

desimber 20, 2018 11:50

Natuermuseum Fryslân hat op it stuit de eksposysje ‘Kûnstsinnige Eerappels’ oer keunst mei ierappels. Wat yn de krystfakânsje te dwaan is slút dêr hielendal op oan: in speurtocht, in ‘happerke’ teare, mei dwaan oan in poëzy-workshop of in stopmotionfilmke meitsje. Dat hat ek wer allegearre mei de ierappel te meitsjen.

De boereskuorre is it begjin fan de aktiviteiten. Dêr leit in speurtocht mei fragen klear. De antwurden binne yn de útstalling te finen. Dêr heart ek it oplossen fan in rebus by. Nei ôfrin hawwe se ûntdutsen hoe’t ierappels groeie. By it happerke-tearen hearre allegear fragen oer ierappels lyks wêr’t se wei komme, hoefolle oft wy eins ite en oft se ek yn de romte groeie kinne. Dy aktiviteiten binne hieltyd fan 22 desimber oant en mei 6 jannewaris, mar net op Earste Krystdei en Nijjiersdei.

Freed 28 en sneon 29 desimber kin in stopmotionfilmke makke wurde. Earst wurdt in ierappelpopke makke, dat de haadrol yn it selsbetochte filmke spilet. It meitsjen fan de film duorret ûngefear in healoere. Dy aktiviteit is hieltyd tusken 10.00 en 16.00 oere en stiet ûnder lieding.

Freed 4 jannewaris is der in workshop poëzy ûnder lieding fan dichters út Fryslân en Malta. De bern meitsje gedichten yn it Nederlânsk, Frysk, Biltsk of Ingels eb drage se nei ôfrin foar op in ierappelkistke. De workshops wurde twa kear jûn, om 10.30 oere en 13.00 oere. Se duorje in oere en dêrnei is der in healoere foar it foardragen.

De eksposysje Kûnstsinnige Eerappels is noch te sjen oant en mei 6 jannewaris 2019. It Natuermuseum is yn de krystfakânsje alle dagen iepen fan 10.00 oant 17.00 oere. Op Earste Krystdei en Nijjiersdei is it museum ticht en op 24 en 31 desimber slút it in oere earder. Mear ynformaasje: www.natuurmuseumfryslan.nl.

 

desimber 20, 2018 11:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.