Keninklike Earepenning foar Concordia Aldeboarn

desimber 16, 2018 12:07

foto: Facebook-side Concordia

Musykfereining Concordia út Aldeboarn hat sneontejûn de Keninklike Earepenning ûntfongen. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok mocht de ûnderskieding oerlangje fanwegen it hûndertjierrich bestean fan de feriening.

Dat barde op de feestjûn jûn yn it eigen doarp, dêr’t Concordia it jubileumjier mei ôfsleat. De Keninklike Earepenning is foar in feriening dy ‘t op syn minst fyftich jier as elk folgjend meartal fan 25 jier bestiet.

De kommissaris priizge Concordia fanwegen de spilfunksje dy’t de muzykferiening yn it doarp hat. By hast alle wichtige foarfallen yn de ôfrûne iuw spile Concordia in rol. De feriening fersoarget ek muzyklessen foar de jongerein.

desimber 16, 2018 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.