Keamerleden prate daliks oer de petysje fan de Fryske Beweging!

desimber 19, 2018 22:17

Tiisdei 18 desimber ha bestjoersleden fan de Ried fan de Fryske Beweging in petysje oanbean oan de fêste keamerkommisje fan Ynlânske Saken. Dat barde de middeis om healwei twaen yn de ‘Statenpassage’ fan it gebou fan de Twadde Keamer yn De Haach.

troch Aant Mulder

Geart Benedictus sprekt de fêste keamerkommisje ta. Foto © Aant Mulder.

It oanbieden fan dy petysje wie in streekrjocht gefolch fan it feit dat op 30 novimber yn paviljoen Obe de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) troch minister Ollogren út namme fan it Ryk en kommissaris fan de Kening Arno Brok út namme fan de Provinsje ûndertekene waard. De Fryske Beweging hie earder al in Skaad-BFTK skreaun om oan te jaan wat neffens syn betinken yn de nije bestjoersôfspraak tusken Ryk en Provinsje stean moatte soe. Dy Skaad-BFTK waard op 27 juny oan deputearre Poepjes oanbean.

Doe’t BFTK en Skaad-BFTK ferlike waarden, foel op dat yn de BFTK te min dien wurdt, dat it te lang duorret en dat doelen net konkreet genôch binne. De Fryske Beweging wol doelen helje yn de rintiid fan dizze BFTK, dus op syn lêst yn 2023 en net yn 2030. Dy konstatearring wie de oanlieding om mei de neamde petysje te kommen. Yn ’t foar wiene deputearre en steateleden op ’e hichte brocht fan dy stap.

De petysje waard troch Geart Benedictus oanbean. Yn syn taspraak stelde hy dat fan de Skaad-BFTK te min weromfûn wurdt yn de ûndertekene BFTK. Hy beskreau dêrnei wat de útgongspunten foar de Beweging binne. Dat binne it Hânfêst, de Wet op it brûken fan de Fryske taal (dy’t ek de soarchplicht foar Ryk en Provinsje beskriuwt) en de nota Fan Geunst nei Rjocht (dêr’t de lykweardigens en deselde rjochten foar de beide talen yn beskreaun steane). Dat late ta in pear oanfoljende opmerkingen. In grut part fan de Friezen is analfabeet yn de eigen taal en dat sil mei dizze BFTK grif net feroarje, sei Benedictus. Dêr is mear foar nedich. Tink oan: in oar ûntheffingsbelied, in trochgeande learline en tafersjoch fan de ynspeksje. It Ryk moat omtinken ha foar de likense rjochten en de lykweardigens. Dat heart by de soarchplicht dy’t it Ryk foar de Fryske taal oer hat. Hy einige mei de opmerking dat de Fryske Beweging graach behelle wurde wol yn tuskentiids oerlis en wat fierder mar nedich is om fan de kommende perioade dochs in sukses te meitsjen.

Aardich wat leden fan de fêste keamerkommisje en Fryske keamerleden wiene by de oanbieding oanwêzich. Guon keamerleden hearden nije dingen. Dat late ta yngeande diskusjes yn lytsere groepkes, dêr’t keamerleden likegoed as de leden fan de Fryske Beweging yn ta de konklúzje kamen dat fêste kommisje en Ried faker goed kontakt hâlde moatte. Keamerleden sjogge wat dat oanbelanget ek wol wat mooglikheden om guon dingen foarinoar te krijen.

It wie in fleurige en positive gearkomste dy’t hiel foarsichtich ferwachtingen opropt. It feit dat de fêste keamerkommisje der net op 17 jannewaris oer praat, sa’t earst de bedoeling wie, mar no tongersdei 20 desimber al, gewoan om’t guon keamerleden dat wolle, jout suver moed. De Ried wachtet no earst de reaksje fan de minister ôf, want dy moat op fersyk fan de keamerkommisje mei in reaksje komme.

 

desimber 19, 2018 22:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.